Buro de Vries fan 25 oktober 2015 11:00

    * Ynnatura: De natoer as 'businessklup' * YM Sytske de Vries * Harambe: in begryp yn Appelskea * Sjouke Lousma ûnderweis yn Hichtum * Unike útstalling fan klokken yn Museum Heerenveen * Argyf: Ramp yn Wjelsryp ((yn de sneintejûnsútstjoering)

    De natoer as 'businessclub'

    • De natoer as 'businessclub'

    Undernimmers kin eins net sûnder goeie netwurken. Dy bin der dan ek yn soarten en maten: by SC Hearrenfean of SC Cambuur bygelyks of by hurdfyts- en hynste-sporteveneminten of gewoan as regionale sakeklup. Mar dat ek It Fryske Gea sa'n 'businessclub' hat is minder bekend. Ynnatura hjit dy stifting en leden ferbine har oan de Fryske Natoer en it Fryske lânskip. Peugeot-dealer Haaima is ien fan de leden fan Ynnatura. Mei Arne Brouwers fan dat bedriuw rinne we fan 'e moarn oer de Froskepôle by Ljouwert.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Sytske de Vries fan Stiens.

    Harambe: in begryp yn Appelskea

    • Harambe: in begryp yn Appelskea

    Harambe wie jierrenlang in begryp yn Appelskea. Begûn as jeugdsoas yn in âld pleatske bûten it doarp, ien fan de earste fan Nederlân. Utgroeid ta moetingsplak foar jong en âld, midden yn it doarp. Harambe waard offisjeel iepene op 1 maart 1968 en is sletten yn 2011. Mei Appie Boonstra, Karst Herder en Auke Oosting helje we herinnerings op oan dy tiid.
    https://www.facebook.com/HarambeAppelscha

    Sjouke Lousma ûnderweis

    • Sjouke Lousma ûnderweis

    Underweis yn Fryslân komt Sjouke Lousma altyd nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er dan in praatsje mei makket. Yn Hichtum treft hy in frou op de fyts, mei in pakje strie efterop...

    It makket net út oft hy op tiid rint

    • It makket net út oft hy op tiid rint

    Hast 100 bysûndere klokken bin op 't heden te sjen yn Museum Heerenveen. It is in ienmalige, unike útstalling byinoar brocht út partikuliere kolleksjes: net earder is it slagge sa'n soad bysûndere klokken op ien plak byelkoar te krijen. It giet benamme om Fryske stoel-, steande-, sturt- en tafelklokken út de perioade 1680 oant 1970. Sa bin der klokken te sjen en te hearren fan de oerwurkmakkers Watse Watses fan It Hearrenfean, Rinse Durks fan Grou en Jacobus Nauta fan Ljouwert.
    De útstalling mei bysûndere klokken is noch te sjen oant 10 jannewaris. http://www.heerenveenmuseum.nl/

    Argyf: Ramp yn Wjelsryp

    • Argyf: Ramp yn Wjelsryp

    It is moandeitejûn, 21 novimber 1960. In strieljager makket in ein oan de rêst yn Wjelsryp. In Thunderstreak fan de loftmacht yn Eindhoven, stoart del op in hûs oan De Westerein - op de grins fan Frjentsjer en Wjelsryp. It hiele gesin Postma, heit, mem en fjouwer jonge bern, binne op slach dea. Ek de piloat, luitenant Jacques Snijders út Geleen, oerlibbet it net. De famylje fan de slachtoffers krijt noait wat te hearren oer de oarsaak fan it ûngelok. Fiif jier lyn makke Sjouke Lousma in rekonstruskje, mei minsken dy't it fan tichtby meimakken. (werhelling út novimber 2010)

    12:36 - Sheppard - Geronimo
    12:48 - Lunchmoney Lewis - Bills

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)