Buro de Vries fan 25 novimber 2018 11:00

    - Natoerfotograaf Ruurd Jelle van der Leij: "Ik tink dat de fûgels my opsykje...."

    - Orange the World: ynternasjonale aksje tsjin geweld tsjin froulju

    - It nijsfoarum mei Immie Jonkman, Bearn Bilker en Matthijs Sikkes van den Berg

    - Yn Memorian: Tryntsje Ferwerda

    Presintaasje René Koster.

    Ruurd Jelle van der Leij: "De fûgels sykje my op..."

    Ruurd Jelle van der Leij fan Easterwâlde is natoerfotograaf. En net sa mar ien. Syn faak spektakulêre foto's wurde oeral op'e wrâld publisearre. En nei syn suksesfolle bydrage oan de bioskoopfilm "Wad" is 'er sels in soarte fan BN'er wurden dy't mei regelmaat oanskoowt by talkshowtafels op radio en tv. Hoe kin it dochs dat hy krekt altyd dat iene shot of dy scène fêst lizze dy't elk sa graach sjocht? Is dat gelok of soe it wat oars wêze? It Buro socht Ruurd Jelle op, om moarns betiid fûgels te spotten yn syn eftertún. De reaksje fan de Stellingwarver fotograaf op de fraach oft er no sa faak gelok hat, wie opmerklik: "Dat kin hast gjin gelok mear wêze. De fûgels sykje my op..."

    www.rjvanderleij.nl

    www.facebook.com/pages/Ruurd-Jelle-van-der-Leij/189932841108669

    Orange the world: yn aksje om geweld tsjin froulju tsjin te gean

    Orange the world: End Violence against women en girls

    Dizze kampanje begjint hjoed, op snein 25 november en duorret oant 10 desimber: de dei fan de rjochten fan de minsk. Doel is om geweld tsjin froulju en fammen út te bannen en besykje om froulju mear te belûken by konfliktoplossings. De aksje is in inisjatyf fan de soroptimisten yn gearwurking mei UN Women, Zonta en Emacipator. Yn Buro de Vries wiene Hinke Donker en Abeltje Veldkamp fan de soroptimistclub Fryslân-Súd te gast. Mear ynformaasje op orangetheworld.nl en soroptimist.nl.

    It oersjoch fan de wike...

    Dit kear makke Geartsje de Vries har persoanlike nijsoerjoch fan de wike.

    Yn memoriam Tryntsje Ferwerda

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tryntsje Ferwerda.

    Nijsfoarum

    It Nijsfoarum mei

    Bearn Bilker, boargemaster Kollumerlân CA

    Immie Jonkman, LF2018

    Matthijs Sikkes van den Berg. GrienLinks-listlûker foar de Steaten en -fraksjefoarsitter yn de Fryske Marren

    11:11 - Wet Wet Wet - Love Is All Around
    11:26 - Niall Horan - Flicker
    11:43 - Tet Rozendal - Om 'e Moanne Hinne
    12:11 - David Bowie - Let's Dance
    12:20 - Mumford & Sons - Guiding Light

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)