Buro de Vries fan 25 maart 2018 11:00

    * Theo Faber hellet mei syn AmelandEén fiif sitten * Alden begjinne foar har bern in saneamde talintewinkel * YM Folkert Boonstra * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Isabelle Diks, Corlinke de Jong en Patrick van't Haar.

    Presintaasje: Simone Scheffer.

    Theo Faber hellet fiif sitten mei syn AmelandEén

    In politike ierdferskowing op It Amelân nei de ferkiezingen fan ôfrûne woansdei. De nije partij AmelandEén komt mei fiif fan de alve sitten yn de ried. Heech tiid om yn 'e kunde te kommen mei de inisjatyfnimmer fan de partij: Theo Faber. We treffe him op it gemeentehûs yn Ballum, tegearre mei de twadde man Andries Metz. 

    Winkel foar bysûndere talinten

    Bern mei in beheining hawwe talinten dy't net altyd sjoen wurde en dêr't neat mei dien wurdt. Mar yn Ljouwert, yn de wyk Bilgaard, is sûnt in moanne in inisjatyf, opset troch âlden, dat dy talinten wol nei boppen hellet. It Buro gong dêrhinne.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Folkert Boonstra.

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch Simone Scheffer.

    Nijsfoarum mei Isabella Diks, Corlienke de Jong en Patrick van 't Haar

    11:10 - Family Of The Year - Hero
    11:26 - Zayn Ft. Sia - Dusk Till Dawn
    11:42 - Sytse Haima - Wat Fliksto My No
    11:52 - Supertramp - The Logical Song
    12:09 - Kate Bush - Running Up That Hill
    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)