Buro de Vries fan 25 febrewaris 2018 11:00

     * De feroaring fan man nei frou fan Manon Eline Veere Barendsen * YM Itte Groenhof-van der Wal * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Christa Oosterbaan en Jakob Baar. Presintaasje: René Koster.

    "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere

    Transgenders fiele har net, of net hielendal, thús yn de geslachtsrol dy't passet by har uterlik. Stadichoan komt dit ferskynsel út de taboesfear. Manon Barendsen út Snits hâldt in blog by oer har transysje fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinne lichaamlik, ek psychysk. En net allinne foar de transgender sels, ek foar elkenien dy't om dy persoan hinne stiet. It Buro tekene it ferhaal fan Manon op en prate ek mei in psycholooch en in freondin. 

    De blog fan Manon Barendsens is te finen op www.manonbarendsen.com

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Itte Groenhof - van der Wal. 

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch René Koster.

    Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Christa Oosterbaan en Jakob Baar

    Immie Jonkman - LF2018, Alvestêdeferiening en Slachtemaraton

    Christa Oosterbaan - PvdA Skylge

    Jakob Baar - VVD Eaststellingwerf

    Itte Groenhof yn it programma Hea! fan 18-08-2005.

    Yn 2005 hâldt de dan 74-jierrige Itte Groenhof fan It Heidenskip op mei melken. Suvelkonsern Friesland Foods wegeret noch langer de molke by har pleats op te heljen. Se hellet mei seis kij net de trijehûndert liter molke per ophelbeurt, dy't it molkfabryk as ûndergrins oanhâldt. It opheljen fan de molke soe te djoer wêze, wylst it lân fan frou Groenhoff tsjin it molkfabryk oanleit. De seis kij steane no droech. Nei 50 jier buorkjen moat frou Groenhof ophâlde. 

    11:08 - Amy Macdonald - This Is The Life
    11:42 - Portugal The Man - Feel It Still
    11:51 - Elske Dewall - Dunsje My De Leafde Ut
    12:07 - Aretha Franklin - Think
    12:14 - Hailee Steinfeld & Bloodpop - Capital Letters

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)