Buro de Vries fan 25 desimber 2016 11:00

    Yn de lêste Buro de Vries útstjoering fan 2016 sjogge we werom op in pear nijsfeiten en freegje we ús ôf hoe't it der no foar stiet. Sa wie Jorwert drok mei it ferbouwen en ynrjochtsjen fan it doarpshûs foar in grut gesin út Syrië. De famylje wennet der no in healjier. Rommie Bouma fan Ferwert rekke nei 45 jier haar baan by V&D kwyt. Brân by it 'Sa leuk hûs' fan Guus en Sietie Tomey en letter it ferstjerren fan Guus. Marian Baarda út Grou gie mei har iepen sollisitaasjebrief firaal op it ynternet. En Henk Strampel út Ljouwert krige in djoere, eksperimintele behandeling foar syn progressive MS yn Meksiko.

    'Wij zijn heel blij, dankuwel'

    • 'Wij zijn heel blij, dankuwel'

    De earste helte fan dit jier folgen we it proses yn Jorwert. It doarpshûs dêr waard in wenhûs foar in Syrysk gesin mei acht bern. Sûnt mids juny wennet it gesin yn it doarp. Yn dizze lêste útstjoering fan it jier wolle we graach witte hoe’t it no is. Mei it gesin, mei heit en mem en hoe’t it giet yn it doarp.

    Rommie Bouma

    • Rommie Bouma

    16 febrewaris fan dit jier foel it doek definityf foar V&D. V&D bestie doe hast 130 jier en de lêste 46 jier dêrfan wurke Rommie Bouma fan Ferwert by de fêstiging oan de Nijstêd yn Ljouwert. Fan 'e wike makke de UWV bekend dat 70% fan it eardere personiel fan it warehûs wer in baan hat. Dat bin dan benammen de jongeren, want fan de âldere V&D'ers is noch gjin 25% oan de bak kaam. Ek foar Rommie, dy't 62 jier is, sit in echt betelle baan der net yn. Se hat oan fakânsjewurk as húshâldlike help wol in nul-oeren-kontrakt oerholden, mar follet har dagen benammen mei frijwilligerswurk yn it fersoargingshûs yn Ferwert.

    "Hy is by my weirukt"

    • "Hy is by my weirukt"

    Foar Siepie Tomey fan Gytsjerk wie it ôfrûne jier heftich. Siepie is eigneresse fan it 'Sa leuk Hûs', in wenfoarm foar minsken mei in ferstanlike beheining. Yn july waard in part hjirfan yn de jiske lein troch in grutte brân. It 'Sa Leuk Hûs' wie it libbenswurk fan har man Guus. Guus Tomey is in bekende namme yn de Fryske muzykwrâld. Hy stie foar in ferskaat oan brassbands yn ús provinsje. Trije moanne nei de brân komt hy hommels te ferstjerren. Siepie stiet der sûnt dy tiid allinne foar.
    http://www.saleukhus.nl/

    'Ik hie oars no yn in rolstoel sitten'

    • 'Ik hie oars no yn in rolstoel sitten'

    Foar it ferhaal fan Henk Strampel en Greetje de Vries út Ljouwert moatte we eins earst werom nei 2015. Henk wie ekstreem wurch en ek nei in lange fakânsje knapte dat net op. Hy gie de medyske molen yn en krige yn oktober de diagnoaze MS en dan de primêr progressive foarm. Dat betsjut dat de MS hurd taslacht en dat it proses fan achterútgong kontinu trochgiet. Henk wie nei in karriêre as muzikant, manager wurden en hy runde in artysteburo. Dêr moast er mei ophâlde. De sitewaasje like útsjochleas want primêre progressive MS is net te behandeljen.

    De behandeling yn Meksiko hat 70.000 euro koste, dat Henk earst liene koe. Mei aksjes wurdt no besocht dat jild bymekoar te krijen. Greetje en soan Rémon ha dêr in stichting foar oprjochte: keep henk rocking. Ynformaasje oer de crowdfunding is te finen op har website en facebookside: www.keephenkrocking.nl

    Marian Baarda fan Grou gie 'firaal'

    • Marian Baarda fan Grou gie 'firaal'

    Yn septimber publisearre Marian Baarda fan Grou in brief op facebook en twitter dy't firaal gie. De media sprongen derop en it berjocht waard 500 kear dield. Se skreau in orizjinele iepen sollisaasjebrief om oan te jaan dat se stomme graach oan it wurk wol. Hat dat wat úthelle? Wy sochten har trije moanne letter op.

    Kryst yn Erbil

    • Kryst yn Erbil

    De striid tsjin IS is alle dagen yn it nijs. Op it stuit wurdt der stevich fochten by de Iraakske stêd Mosul. Nederlânske militêren helpe de Koerden dêr yn dy striid. It bin de manlju en froulju fan it 44-ste pantserynfanterybataljon regiment Johan Willem Friso, it Fryske bataljon, fan Havelte. Under har inkel tsientallen Friezen. Ferslachjouwer Hayo Bootsma socht se op, op har basis yn de Noord-Iraakse stêd Erbil.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)