Buro de Vries fan 25 augustus 2019 11:00

    Yn de simmerrige strykt Buro de Vries del op It Bilt, om krekt te wêzen op it terras fan Ytkafee De Smalle Kant yn Sint Anne. Twa oeren lang nijsgjirigge gasten oan tafel by René Koster en bysûndere ferhalen út it doarp optekene troch ferslachjouwer Simone Scheffer. Fan de skiednis oant it fee fan de Bijlma's, fan âld-boargemaster Klaas Dankert oant de kemping fan Afke Werkhoven en fan Rembrandt & Saskia oant de haat-leafde ferhâlding mei it AZC: it komt allegear foarby tusken 11 en 13 oere.

    Attentiestenen

    De skiednis fan Sint Anne yn byld. Dat is de attinsje fan 16 stiennen yn de stoepen en strjitten fan it doarp. Mei de fuzje fan de gemeente It Bildt kamen der subsudzjes om wat moais te dwaan mei de hystoarje fan it doarp. Simone gie op 'e kuier mei Jelke de Jager en Wim Koopmans.

    De Bijlsma's en it fee

    Se binne unyk yn Fryslan. De Bylsma's fan Sint Anne. De slagterij fan de femylje bestiet al mear as in iuw en bliuwt as it oan de slachters leit ek noch hiel lang. It bisundere oan dit bedriuw is dat bliken docht dat slachtsjen en grutte leafde foar de bisten han yn han gean. Sa fernaam Simone dy't sels al mear as 40 jier gjin fleis yt.

    AZC

    As jo troch Sint Anne rinne sjogge je in grut ferskaat oan nasjonaliteiten oan je foarbyrinnen. In bisunder byld op it Bildske plattelân. Dat hat alles te krijen mei it AZC dat der al sûnt 2003 stiet. Hoe ûnderfine bewenners en meiwurkers Sint Anne en hoe is de bining mei it doarp?  Simone gie op besite en spruts mei Mirjam Alosery dy't der al 15 jier wurket en mei Milad. Hy wennet der no trije jier.

    Kemping De Blikvaart

    Wa't oan Sint Anne tinkt hat net fuort in idee by campings en fakansje miskien. Mar dan ha je it mis, want der falt hiel wat te rekrearen yn en om it doarp. It hat ommers alles...sa fertelle Afke Werkhoven en campinggasten fan camping De Blikfeart dat oan de alvestederute leit op wei nei de hel fan it noarden

    Live muzyk fan Ruben Bus en Baukje van der Heide

    Op it terras fan De Smâle Kant spilen Ruben Bus en Baukje van der Heide live muzyk

    11:08 - Cesaria Evora - Nutridinha
    11:38 - Jan Tekstra - De Simmer Op It Liif (Remiks 2010)
    12:10 - Peter Tosh & Mick Jagger - Don't Look Back
    12:30 - Kris Berry Ft. L29 - Anything You Can Do

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)