Buro de Vries fan 24 septimber 2017 11:00

* Oargelist Theo Jellema is stêdsoargelist fan Ljouwert - Wa is Mirka Antolovic, de nije direkteur fan Tûmba? - Yn Memoriam: Sjoerd Visser - it nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Betty de Boer en ..... * it wykoersjoch

Mirka Antolovic wurdt direkteur fan Tûmba

  • Mirka Antolovic wurdt direkteur fan Tûmba

Tûmba, it kennissintrum foar diskriminaasjesaken, krijt in nije direkteur: Mirka Antolovic. Sy folget Brenda Ottjens op, dy't nei't de provinsjale subsydsje fuortfoel, frijwillich opstapt is. Mei ien personielslid minder op de leanlist, koe it lêste sturtsje fan de besunigings helle wurde. Antolovic wurket al by Tûmba en skoot no troch nei de posysje fan direkteur.
It Buro wie nijsgjirrich nei dizze noch jonge frou mei dy bûtenlânske achternamme en stapte op de fyts om har te treffen yn de Griene Stjer by Ljouwert.

Theo Jellema is de nije stedsoargelist fan Ljouwert

  • Theo Jellema is de nije stedsoargelist fan Ljouwert

Theo Jellema wurdt de stedsoargelist fan Ljouwert. It giet om in inisjatyf fan de histoaryske feriening Aed Levwerd en it sil op moandei 2 oktober syn beslach krije mei in offisjele gearkomste yn de Grutte of Jacobijner tsjerke. Mar wat is in stedsoargelist en wat wurdt der fan him ferwachte? In petear mei Theo Jellema yn 'syn' tsjerke, achter 'syn' oargel.

Yn Memoriam: Sjoerd Visser

  • Yn Memoriam: Sjoerd Visser

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Sjoerd Visser fan Easterbierrum.

It wykoersjoch

  • it wykoersjoch

In persoanlik oersjoch fan wat der dizze wike barde.

it Nijsfoarum mei Otto vd Galiën, Betty de Boer en Piet Fortuin

  • Nijsfoarum

Otto van der Galiën, âld PVV-er en no fraksjefoarsitter fan Lijst 058, Betty de Boer, âld-Twadde Keamerlid foar de VVD en Piet Fortuin, CNV fakbûnsman nimme in sit yn it foarum. Under lieding fan presintator René Koster besprekke en bediskusjearje sy it nijs fan de ôfrûne wike. 

11:07 - Take That - Shine
11:24 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
11:41 - Tim Douwsma - Wolst By My Bliuwe Te Sliepen
11:51 - Texas - Say What You Want
12:09 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
12:17 - Eddy Grant - Gimme Hope Jo'anna

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)