Buro de Vries fan 24 oktober 2021 11:00

Wat is de rol fan de tsjerke yn de Fryske Mienskip, no en yn de takomst?

Dy fraach stiet snein 24 oktober sintraal yn in bysûndere lokaasje-útstjoering fan Buro de Vries. Fuort nei de tsjinst yn de Jouster Hobbe van Baert-Tsjerke, dy't live by Omrop Fryslân op TV te sjen is, nimt Buro de Vries it stokje oer op de radio. Mei nijsgjirrige gasten oan tafel en ferslachjouwer Simone Scheffer op en paad om mei ferskate ympresjes sfear te priuwen by dit oekumenyske barren.

Tusken 12:00 en 13:00 oere is der in spesjaal 'tsjerkefoarum' mei Ria Kraa (haadredakteur Friesch Dagblad), Henk Kroes (ûnder oare belutsen by Nij Kleaster) en Ruurd Walinga (Kabaretier, pastor fan de Vrije Evangelische gemeente en ien fan de foargongers yn de tsjinst). It foarum besprekt tal fan aktuele kwestjes op it snijflak fan tsjerke en mienskip lykas 'rintmasterskip', flechtlingen en etyske dilemma's.

De tsjerketsjinst yn it ramt fan de Fryske Tsjerkedei is snein fan 10 oant 11 oere te sjen by Omrop Fryslân op TV, de útstjoering fan Buro de Vries is fan 11:00 oant 13:00 oere op de radio. Presintaasje René Koster.
 

Programma presentator: 
René Koster

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(Advertinsje)