Buro de Vries fan 24 novimber 2019 11:00

    * in boek oer flechtlingen en evakuees yn de oarloch yn East Dongeradiel * Douwe Faber fan advysburo Ekwadraat oer duorsumens en enerzjy: hy is optimistysk * Yn Memoriam: Gatske Wiersma * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Mirka Antolovic en Albert van der Ploeg oer rasisme op it fuotbalfjild, geweld yn Gorinchem, ferpleechkundigen dy't aksje fiere, de plysje dy't de neeklok liedt en in alternatyf stikstofplan.

    Oarlochsflechtlingen en evakuees yn Noardeast-Fryslân

    Flechtlingen yn oarlochstiid yn Eastdongeradiel

    Hast 3.000 flechtlingen krigen yn oarlochstiid ûnderdak yn Eastdongeradiel. Fan saneamde 'bleekneusjes' oant hongerflechtlingen en Arnhemse evakuees dy't nei de operaasje Market Garden harren hûs kwyt rekken. Dy lêste stream kaam 75 jier lyn nei it noarden. Fannewike ferskynde dêrom in tsjok boek mei de ferhalen fan flechtlingen en de 1400 húshâldings dêr't se opfongen waarden. Mei de auteurs, Reinder Tolsma en Doede Douma dûkt it Buro dy skiednis yn....

    It boek is noch te bestellen fia in mailtsje nei: r.tolsma01@knid.nl

    Duorsumens: it optimisme fan Ekwadraat

    Al mear as 16 jier is Douwe Faber dwaande mei duorsumens yn de breedste sin fan it wurd. Op in momint dat oaren kwealik fan dy term heard hiene, begûn hy al mei in eigen advysburo op it mêd fan duorsumens en enerzjy: Ekwadraat yn Ljouwert. Underwilens is it bedriuw útgroeid ta ien fan de toanoanjouwende spilers yn de sektor. Sûnt ferline jier binne se grutsk ûnder dak op de nije Enerzjykampus yn Ljouwert. Yn de Buro de Vries-rige oer duorsumens troffen we in opmerklik optimistyske Faber, dy't ek noch in alderaardichst nijtsje foar ús hie..

    Yn Memoriam: Gatske Wiersma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Gatske Wiersma.

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike troch Geartsje de Vries

    it nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Mirka Antolovic en Albert van der Ploeg

    It nijsfoarum hat alle wiken in oare gearstalling en diskussearret oer aktuele ûnderwerpen. Hjoed beprate se de folgjende ûnderwerpen:

    - rasisme op de fuotbalfjilden en yn ús maatskippij. In saak fan ús as boargers of moat de polityk it foartou nimme?

    - Gorinchem: groepen allochtoane jongeren falle autotochtoane jongeren oan en mishannelje se. Falt dit ek ûnder rasisme?

    - ferpleechkundigen wolle mear jild en mear wurdearring. Hoe kin it dat minsken mei basale beroppen yn ús lân de barrikaden op moatte? 

    - It alternative stikstofplan fan in hiel soad organisaasjes. Wat fine we derfan?

    11:08 - Lucy Iris - Dear Diary
    11:25 - Simply Red - Something Got Me Started
    11:42 - Aimee Mann - Wise Up
    11:53 - Jan Tekstra - It Wetter
    12:11 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
    12:19 - Script - The Last Time

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)