Buro de Vries fan 24 maart 2019 11:00

    Snoeie yn houtwâlen en elzesingels: it bart op dit stuit tusken Sint Nyk en Langwar. It liket mâl, mar it moat earst op syn slimst foar't it better wurdt.
    De keunst fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen, dy't troffen is troch ALS.
    Nour Mardini kaam as asylsiker yn it AZC yn Sint Anne. Hjoed giet er werom om dêr de foarstelling Pannenkoeken uit Syrië te spyljen.
    Yn Memoriam fiert it libben fan Roelof Dijkstra.

    De keunst fan fotograaf Ton Aartsen bliuwt libjen

    De keunst fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen. In pear jier lyn is hy troffen troch de sykte ALS. Mei syn trijen binne se begûn keunst te meitsjen, dêr't ek it ferwurkjen fan de sykte fan heit bot yn sit.
    De tentoanstelling 'Levenscyclus' is yn jannewaris 2019 iepene. Ton wie dêr by. Op 8 maart is hy ferstoarn.
    In pear wike foar syn dea wie kollega Karen Bies by it gesin Aartsen op besite. Sy fertelden wat dizze tiid mei elkoar, foar de famylje en foar elts ôfsûnderlik, betsjutten hat. Jo hearre in gesprek mei Ton Aartsen, syn frou Ank, en de beide dochters Aagje en Flore.

    Snoeie by Sint-Nyk

    Snoeie yn houtwâlen en elzesingels: it bart in soad yn de Fryske Wâlden. Minsken sjogge der dêr ek net fan op, want men wit dat it somtiden op 't slimst moat, foar't it better kin. Koartlyn is Landschapsbeheer Friesland lykwols ek mei ditsoarte wurk úteinset tusken Sint-Nyk en Langwar, in gebiet dêr't Landschapsbeheer earder eins net aktyf wie. It Buro gie op ûndersyk út en trof Gerard van Looyengoed fan Landschapsbeheer Friesland, Foppe Hemminga fan Kollektyf it Lege Midden en Gosse Jilderda fan Frisia Burgum...

    Pannenkoeken uit Syrië

    "Pannenkoeken uit Syrië" is in foarstelling foar bern fan 4 oant 10 jier. It giet oer Nour dy't nij yn Nederlân is en op Nederlânske les giet by juffrou Jansen. De foarstelling is makke troch de Syriër Nour Mardini, dy't 2 jier lyn yn ús lân kaam en doe yn it AZC yn Sint Anne wenne hat. Hjoed (snein 24 maart 2019) giet er werom nei it AZC om dêr de foarstelling te spyljen.

    Yn Memoriam: Roelof Dijkstra

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Roelof Dijkstra.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike troch presintator Simone Scheffer

    It nijsfoarum mei Jan Huitema, Rendert Algra en Immie Jonkman

    It nijsfoarum bepraat it nijs fan de ôfrûne wike. De útslach fan de steateferkiezings, de oerweldigjende oerwinning fan Forum voor Democratie en Henk de Jong dy't werom giet nei Cambuur. It foarum lit har ljocht der oer skine.

    11:07 - One More Time - Highland
    11:27 - Alvaro Soler - Loca
    11:38 - Jaap Louwes - De Memmen By It Stek
    11:48 - Dolly Parton - If
    12:07 - Vaya Con Dios - Heading For A Fall

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)