Buro de Vries fan 24 maaie 2020 11:00

    - In Frisse Noas mei auteur Hans Koppen oer syn nije boek "Oostergo";

    - Lektor Albert Postma fan NHL-Stenden oer takomstsenario's foar toerisme en rekreaasje;

    - Greet Andringa en Theunis Piersma yn "De berchrede fan it flakke lân";

    - Cor Waring mei it libbensferhaal fan Hendrik Woudwijk yn Yn Memoriam';

    - It Oersjoch fan de wike;

    - It Nijsfoarum, mei oan tafel:

    * Geart Benedictus, feterinêr saakkundige en âld-CDA politikus

    * Jenny Douwes, ûndernimster yn in mannewrâld; en

    * Jouke Douwe de Vries, wethâlder foar S!N yn Noardeast-Fryslân.

    Nijsfoarum

    - It Nijsfoarum, mei oan tafel:

    * Geart Benedictus, feterinêr saakkundige en âld-CDA politikus

    * Jenny Douwes, ûndernimster yn in mannewrâld; en

    * Jouke Douwe de Vries, wethâlder foar S!N yn Noardeast-Fryslân.

    "Takomstkânsen foar toerisme yn Fryslân"

    "Nei de krisis folop kânsen foar toerisme yn Fryslân"

    "Nei de krisis lizze der folop kânsen foar de toerisme- en rekreaasjesketor yn Fryslân". Dat ferwachtet toerisme-saakkundige dr. Albert Postma, lektor by NHL-Stenden. Postma is belutsen by it European Tourism Future Intstitute, dat him dwaande hâldt mei it ûntwikkeljen fan takomstsenario's foar it toerisme. Dizze senario's bringe nasjonale en ynternasjonale ûntwikkelings yn byld en biede ûndernimmers en oerheden in basis om ynvestearingsbeslissings te nimmen.

    It ynstitút die dat altyd al, ek fóár de krisis. Doe is der bygelyks sjoen nei de gefaren fan 'over-toerisme' en de gefolgen fan fergrizing ûnder boatsjeminsken. Ek doe al waard njonken de mooglike senario's wiisd op 'desruptions', ûnferwachte gebeurtenissen dy't alles yn ien klap feroarje kinne. As foarbyld waard ek doe al in mooglike pandemy neamd, mar bygelyks ek terroristyske oanslaggen.

    By it begjin fan de corona-pandemy is Postma mei oare eksperts fan hegeskoallen fuort begûn mei it sammeljen fan ynformaasje yn binnen- en bûtenlân. Der spylje neffens Postma twa grutte ûnsekersheden: Hoe lang duorret it noch? En: Hoe stelt de konsumint him nei de krisis op? Wol dy gau wer werom nei sa't it wie, of past er syn gedrach oan? Fan de sketste senario's liket dy fan it 'ferantwurde toerisme' it meast logysk. Dit model giet út fan groei fan duorsum toerisme, dat him mear yn de eigen regio ôfspilet. Dat jout goede mooglikheden foar boatsje- en kempingsfakânsjes, ferwachtet Postma. "Yn kombinaasje mei regionale streekprodukten betsjut dat groeikânsen foar it toerisme yn Fryslân, om't men ek de massa ûntwike wol. Fryslân kin dy rêst en romte biede." Postma warskôget wol, dat de senario's gjin foarsizzings binne.

    Mear ynformaasje is te finen op de webside: etfi.nl

    Nij boek oer "Oostergo"

    'Oostergo', ea waard it brûkt om in wichtich Frysk lânsdiel mei oan te jaan. No is it de titel fan in nij boek oer dat gebiet. It earste eksimplaar waard fannewike yn it Dokkumer stedhûs oanbean oan boargemaster Johannes Kramer. Sosjaalgeograaf Hans Koppen fan Snits beskiuwt yn it boek de skiednis en betsjutting fan dit âlde lânsdiel yn relaasje mei syn ynwenners. In moaie oanlieding om mei him in Frisse Noas te heljen....

    It wike-oersjoch

    De ôfrûne wike, sjoen troch de eagen fan René Koster.

    Yn Memoriam

    Cor Waringa betinkt alle wiken immen dy't ús ûntfallen is. Dit kear is dat Hendrik Woudwijk.

    11:20 - Lori Spee - Good News, Bad News
    11:48 - Anouk - Birds
    12:07 - Nits - Soap Bubble Box
    12:15 - Elvis Costello - Good Year For The Roses

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)