Buro de Vries fan 24 maaie 2015 11:00

Trilfean yn 'e Alde Feanen * Bevings yn Grins bringe business yn Akkrum * Diet Huber * YM Jochem Jagersma * Underweis * Kollum Tjalling van der Goot * Eelke Lok sjocht werom op syn omropavontoeren

In driuwende seadde

It fielt as in wetterbêd, mar moatst net te bot springe, oars sakkest oant de nekke yn it wetter. Moarn (twadde pinksterdei) is der yn 'e Alde Feanen by Earnewâld in kuiertocht nei it saneamde 'trilveen'. In plantebêd dat driuwt op it wetter, dêr'st as kuierder oerhinne kinst. Seldsum yn Nederlân en natoerpark Alde Feanen is ien fan 'e lêste plakken yn Nederlân dêr't jin it fiele kinne. Saakkundige Anton Huitema fan it Fryske Gea nimt ferslachjouwer Eduard Rekker mei nei it sompebosk.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

In beving yn Grins bringt business yn Akkrum

Pieter en Esther de Vries setten trije jier lyn útein mei it 'Noardelik Skea Taksaasje Buro'. De ierdbeving yn Grins soarge foar in tsûnamy oan wurk. Yntusken ha se 104 minsken oan it wurk. Tegearre mei in oar buro ha se yntusken tûzenen meldings behannele. Se wiene oant no ta ien fan de twa bedriuwen dy't alle skea taksaasjes diene Grins. It regear hat no it 'Centrum voor Veilig Wonen' oprjochte en sûnt jannewaris hat it Noardelik Skea Taksaasje Buro der mear konkurrinsje by krigen.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed treft hy by Stiens in skatsiker.

De kollum fan Tjalling van der Goot

De kollum komt hjoed fan advokaat Tjalling van der Goot. www.ankerenanker.nl

Tutte mei de linten

De literêre neilittenskip fan skriuwster en yllustratrise Berendina Huber, better bekend as Diet Huber, is oardene en beskreaun en publisearre yn in boek dat yn april útkaam is by Tresoar: 'Diet Huber auteur en illustrator'. Yn Tresoar is ek in lytse útstalling oer har te sjen.
Foar Buro de Vries reden om ris wat djipper yn it libben en wurk fan Diet Huber te dûken.

It wie ...1985

Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)