Buro de Vries fan 24 juny 2018 11:00

    * Buorkje lykas pake * Bakermat hurdfytsen leit yn Fryslân * YM Gerben Hoekstra * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Romke de Jong en Jan Huitema * Presintaasje: René Koster

    Sipke Hiemstra buorket krekt as syn pake

    Hy hat mar 25 kij en leveret gjin molke oan it fabryk. Sipke Hiemstra fan Easterein is net in trochsneed boer. Syn heit wie yn 1982 de earste biologysk-dynamyske boer fan Fryslân. Doe't Sipke yn 1994 it bedriuw oernaam, gie hy op deselde wize troch. In pear jier lyn feroare der wat, doe't de EU in wet oannaam dy't bepaalde dat boeren dy't har kij winterdeis yn in gropstâl stean hawwe, harsels net biologysk boer neame meie. It gefolch wie dat Sipke Hiemstra net mear molke oan it fabryk leverje koe, omdat de molke net as biologyske molke ferkocht wurde mei.

    It Buro gie nei Easterein ta om mei dizze bysûndere boer en syn partner, Aline Evenhuis, te praten oer syn wize fan buorkjen.

    Bakermat fan it Nederlânske hurdfytsen leit yn Fryslân

    Hoe âld is de hurdfytssport? Faaks wurdt sein dat de âlderearste hurdfytswedstriid op 31 maaie 1868 hâlden is yn it park fan Saint-Cloud flakby Paris. Mar wie dat echt de âlderearste wedstriid? Neffens Martinus Jongsma fan Surhusterfean sieten de earste hurdfytspioniers yn Fryslân. Jongsma wit alles fan de Fryske hurdfytsskiednis, hy hat earder alles argiven útpluze oer dit ûnderwerp. Sa fûn hy in Boalserter Krante út 1863 weryn ferhaald wurdt oer in hurdfytswedstriid tusken twa manlju op de dyk fan Warkum nei Koudum.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Gerben Hoekstra. 

    Oersjoch fan de wike

    Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Romke de Jong en Jan Huitema.

    11:07 - Veldhuis & Kemper - Bijzonder
    11:25 - Wulf - Switching Gears
    11:40 - Jack Bottleneck & Johan Keus - Net Mei Bemuoie
    11:49 - Cliff Richard - We Don't Talk Anymore
    11:54 - Des'ree - Life
    12:07 - Christopher Cross - All Right
    12:16 - Jason Mraz - Have It All

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)