Buro de Vries fan 24 july 2016 11:00

Yn ús simmerrige mei twa famyljeleden hjoed Jack en Wieteke Cramer. Heit Jack is ferknocht oan it skûtsjesilen, dochter Wieteke wie in topper by it reedriden.
Yn de twadde oere wer in seleksje reportaazjes út ús argyf.

Heit en dochter Cramer

Jack en Wieteke Cramer, heit en dochter, skûtsjesilen en reedriden. Jack Cramer hat 13 jier foarsitter west fan de SKS. In hiele fijne klup minsken, dêr't it noflik mei gearwurkjen wie, sa seit er. Dochter Wieteke waard yn ien kear bekend by it grutte publyk doe't se as 19-jierrige in ferrassend 3e plak helle op it EK allround yn 2001. It famke fan doe is in jonge frou mei in gesin wurden. De bân mei thús is sterk: Se wennet ticht by heit en mem op 'e Lemmer en komt der hast alle dagen wol. It falt dan noait stil want heit en dochter prate graach en in soad. It wie dêrom in heftige tiid doe't Jack Cramer ferline jier yn it sikehûs op de IC bedarre en dêr in delier krige. Heit en dochter prate frijút oer dy spannende en yngripende tiid. Mar ek oare, wat minder swiere ûnderwerpen komme oan bod: de posysje fan Wieteke as neikommerke yn it gesin, it grutbringen fan in bern dat foar de topsport kiest en de wearde fan freonen en maten.

Der Blaue Klaus

Om de 14 dagen 600 kilometer yn 'e auto om in fuotbalwedstryd te sjen. Je hûs opskilderje yn Blau en Wyt om't dat de klupkleuren binne. En sels yn in houwlikskontrakt fêstlizze dat jo frou je altyd nei it fuotbaljen gean litte moat. It is hast net te leauwen dat soks echt bart, mar it is al sa. Klaus Wagner fan Holwert, better bekend as 'Der Blaue Klaus', ìs sa'n ûnbegryplik grutte fan fan syn klup: it Dútske Schalke '04. Foar Buro de Vries socht René Koster him in pear jier lyn op, neijier 2009 wie dat, en reizige sels in wykein mei him mei nei Gelsenkirchen.

De ekokatedraal fan Louis le Roy

15 july 2012 ferstoarn Louis le Roy, keunstner, skriuwer en betinker fan de ekokatedraal by Mildaam. Bouwsels fan pún dêr't hy yn de santiger jierren mei útein sette. Yn it foarjier fan 2013 seagen wy by de groep manlju dy't alle tiisdetemoarns it libbenswurk fan Le Roy dêr trochsette. Johan, Rob, Berend, Freek, Jaap, Sjoerd en Siebe wurken har doetiids alle tiisdeitemoarns yn it swit.

Skatten fan Tresoar

Yn de argiven en depots fan Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Museum, lizze prachtige dokuminten en bysûndere foarwerpen. Mar welke? It Buro socht yn 2011 skatten yn Tresoar. Bygelyks it âldste boek yn harren kolleksje.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)