Buro de Vries fan 24 jannewaris 2021 11:00

    Yn Buro de Vries ferskate moaie reportaazjes. We prate mei Tsead Bruinja dy't twa jier lang de Dichter des Vaderlands wie. It boek 'De gelukkigste klas' fan Jack de Boer en we binne op 'e kuier troch de Rottige Meente. En fansels it wyklikse nijsfoarum mei Irene Overduin, Senan Hubanic en Harry van der Molen.

    Boskwachterspaad De Rottige Meente

    No't hieltyd mear minsken de natoer yn gean, mar ekskurzjes mei in boskwachter der net yn sitte, binne de saneamde 'boskwachterspaden' fan Staatbosbeer in moai alternatyf. Yn Nederlân binne 50 rûtes troch boskwachters útset dy't ek oer de lytse paadsjes gean en eins alle peareltsjes fan sa'n gebiet sjen litte. Online kin de rûte delhelle wurde, wêrby't net allinnich de rûte sels, mar ek nijsgjirrige ynformaasje oer de natoer yn dat gebiet beskikber komt. Yn Fryslân is ûnder mear sa'n rûte útset yn de Rottige Meente. Foar it Buro wie de nije boskwachter Paula Swinkels ús gastfrou om mear te fertellen oer dy paden en wat we dêr yn de Rottige Meente fan ferwachtsje kinne....

    Weromsjen mei de Dichter des Vaderlands: Tsead Bruinja

    Tongersdei waard bekend dat Lieke Marsman de kommende twa jier de nije Dichter des Vaderlands is. Sy folget dêr mei de Fryske dichter Tsead Bruinja op, dy 't yn jannewaris 2019 keazen waard ta Dichter des Vaderlands.

    Jack de Boer fan Frjentsjer skriuwt boek mei essays oer it ûnderwiis

    "De gelukkigste klas" is de titel fan in boek dat skreaun is troch Jack de Boer út Frjentsjer. It is net it earste boek dat De Boer skreaun hat, mar wol it earste literêre boek. Jack de Boer is learkrêft op in skoalle foar spesjaal ûnderwiis en hy skriuwt ek oer it ûnderwiis. Buro-ferslachjouwer Geartsje de Vries gie nei Frjentsjer en prate al kuierjend troch in bûtenwyk mei de skriuwer oer "De gelukkigste klas".

    It nijsfoarum fan 24 jannewaris

    Yn it nijsfoarum besprekke we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Irene Overduin is sjoernalist by de Ljouwerter Krante, Senan Hubanic is koördinator by Netwerkcentrum Oost yn Ljouwert en lid fan de PvdA en Harry van der Molen, Twadde Keamerlid foar it CDA en ek kandidaat foar de kommende 4 jier.

    Wike-oersjoch

    De wike troch de eagen fan presintator Simone Scheffer.

    11:10 - Andy Grammer - The Pocket
    11:25 - Mumford & Sons - Guiding Light
    11:41 - Nynke Laverman - Tree Tree
    12:08 - Eros Ramazzotti - Quanto Amore Sei

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)