Buro de Vries fan 24 febrewaris 2019 11:00

    Tjitske Hiemstra sjocht yn in reportaazje werom op de realisaasje fan 'De Oergong, huis van bezinning en bezieling" yn Ljouwert;
    Histoarikus en auteur Adwin de Kluyver is te gast fanwege syn lêste boek 'Het gedroomde noorden';
    en Cor Waringa betinkt it libben fan Janke Snijder.

    Nij tolven wurdt it nijs fan de wike besprutsen yn it Nijsfoarum troch CDA-keamerlid Harry van der Molen, VVD-listlûker Klaas Kielstra en Irene Overduin fan de Ljouwerter krante.

    In oase fan rêst: de Oergong

    Yn 2011 iepene de Oergong, in hûs fan stilte. De Oergong is festige yn it eardere kostershûs fan de doopsgesinde tsjerke yn Ljouwert, op ien fan de drokste plakjes fan de stêd: de Wurdumerdyk. Tusken de winkels stiet dêr de Doopsgesinde tsjerke en dêrnjonken de Oergong. Predikante Tjitske Hiemstra hat 8 jier lyn de Oergong oprjochte en no is krekt in boekje fan har hân útkommen, mei de titel "Verlangen naar bezinning en bezieling". It Buro woe dy oase fan rêst midden yn de drokke stêd wolris ûnderfine en tôch nei de Wurdumerdyk.

    Yn Memoriam: Janke Snijder

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Janke Snijder.

    11:07 - Van Morrison - Precious Time
    11:44 - Guy Sebastian - Before I Go
    11:54 - Grytz & Grize - Bliuw By My
    12:07 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
    12:14 - Feargal Sharkey - A Good Heart
    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)