Buro de Vries fan 24 desimber 2017 11:00

* Op 'en paad mei Geke Boersma, strjitpastor yn Ljouwert * YM Aafke Hoekstra * Jacques Monasch sjocht werom * Wout Gerstel oer ôfskied fan GPTV * Presintaasje: Simone Scheffer.

'She is sent by God..' it wurk fan strjitpastor Geke Boersma

  • Geke Boersma, strjitpastor

Sûnt hast trije jier hat Ljouwert in strjitpastor. It is Geke Boersma. Se wurket twa of trije 3 dagen yn 'e wike en bemuoit har mei minsken dy't oan de ûnderkant fan ús maatskippij libje. It Buro wie nijsgjirrich nei har en har wurk en rûn in dei mei har mei.

https://www.stichtingstraatpastoraatleeuwarden.nl/

Eks-dakleaze Aron hat wer in takomst

  • ......

Strjitpastor Geke Boersma giet noch regelmjittich op besite by Aron. Aron hat trije jier dakleas west, mar troch de goede soargen fan in freondin én fan Geke Boersma hat er no in dak boppe de holle. Boppedat hat er in terapy folgje kinnen, sadat syn psychyske problemen oer binne. It Buro tekene syn ferhaal op doe't it in dei mei wie mei Geke Boersma. 

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Aafke Hoekstra

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Aafke Hoekstra. 

Jacques Monasch: langer stride moatten mei de partij

  • Jacques Monasch

Jacques Monasch stapte ferline jier út de PvdA en sette útein mei in eigen partij: Nieuwe Wegen. By de Twadde Keamerferkiezingen yn maart dit jier slagge it de partij net sitten te heljen. Monasch sei de polityk farwol. Yn Buro de Vries sjocht hy werom op dizze perioade.

Wout Gerstel

  • Wout Gerstel

28 april 2017 foel it doek foar GPTV, it earste kommersjele regionale TV stasjon fan Nederlân moast belies jaan, it koe gewoan net mear. Mei Wout Gerstel sjogge we werom op 20 jier kommersjele regionale TV. 

11:10 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
11:38 - Anneke Douma - Oeral Davert In Liet
11:42 - Eagles - Please Come Home For Christmas
11:51 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
12:11 - Jona Lewie - Stop The Cavalry
12:33 - Gwen Stefani & Blake Shelton - You Make It Feel Like Christmas

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)