Buro de Vries fan 24 augustus 2014 11:00

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip, mei Reitse Spanninga en Bram de Vries

Reitse Spanninga fan De Jouwer, flamboyante Fryske tillevyzje -kok. Hy liket altyd fleurich, mar is er dat ek echt? We fernimme it yn it petear mei him en syn bêste freon Bram de Vries.

Friezen thús yn Frankryk (9): Jan de Boer

Hy wie direkteur fan de sosjale tsjinst yn Ljouwert en syn ideeën soargen faak foar in soad diskusje. "Ik durfde kwesties aan de orde te stellen, eigenlijk ben ik een anarchist", seit Jan de Boer. We binne oankommen yn Saint-Laurent-de-la-Cabrerise, yn de Corbières. We sitte net fier fan de Middellânske See en hjir yn it binnenlân is de natuer rûch en bercheftich. Jan de Boer (78 jier) wennet hjir mei Ana (73 jier), Ana is Spaanske se is flamenko-dûnseres. Jan skriuwt gedichten en is yn Frankryk en Italië bekroand mei prizen foar syn wurk. Se binne ek op paad mei har 'compagny', in selsskip mei musisy dêr't se mei op toernee gean en út en troch organiseare se thús in kulturele jûn. "Als jullie willen kan ik een gedicht voordragen, Ana danst erbij", Jan is noch altyd like entûsjast.

Op paad yn de Corbières

De Corbières binne útrinners fan de Pyreneeën oan de Middellânske See. En ek yn dizze streek wurdt wyn ferboud. Jan fertelt dat de lêste jierren in tredde part fan de wyngerds lykwols ferdwûn. Mei Jan ride we troch it lânskip. Lytse kronkeldykjes en sa no in dan in âld doarpke. Underweis komme we ferskillende kastielen, of ruïnes fan kastielen, tsjin dêr't dizze striid him ôfspile hat. Middeis ride we nei Narbonne, in moaie stêdsje dêr't Jan oer in pear jier him mei Ana settelje wol. Ek hjir wer in prachtich kastiel midden yn de stêd. In moaie merkhal en midden troch de stêd de rivier de Aude. Jan hat him jierrenlyn warber makke foar in poëzyrûte, lykas wy yn Ljouwert kinne. Sadwaande dat wy hjir in Fryske gedicht fan Teun de Vries oantreffe.

*

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)