Buro de Vries fan 24 april 2016 11:00

Greidefûgels beskermje yn Noard-Hollân * YM Anna Wijnstra-Kuipers * Nije Jorwerters: slagget it flechtlingen op te fangen yn it doarpshûs * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tjalling van der Goot * Nijsfoarum

Greidefûgels beskermje yn Noard-Hollân

Frijwilligers; je kinne der net sûnder as je greidefûgels beskermje wolle. Oant no ta binne dy frijwilligers foaral fjildminsken. Se wurkje neffens de BFVW-tradysje fan aaisykjen en dêrnei neisoarch. Gjin aaisykjen, dan ek gjin neisoarch, sa wurdt der faaks tocht. Mar is dat sa? Om dat út te finen seagen wy yn Noard-Hollân. Dêr is it aaisykjen sûnt begjin jierren '80 ferbean. Yn in polder by Castricum troffen we frijwilliger Jan Kuijs en Wim Tijsen fan Landschap Noord Holland.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Anna Wijnstra-Kuipers fan Ingelum oer.

It doarpshûs fan Jorwert wurdt wenhûs foar statushâlders

Op alle lêste sneinen fan de moanne sjocht it Buro yn Jorwert, dêr't it plan bestiet om flechtlingen dy't in status krigen ha, in nij wenplak te bieden yn Doarpshûs Ons Huis. De ferbouwing is begûn, mar it jild is noch net regele en dus binne der grutte soargen.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt.

Nijsfoarum

It nijsforum bestiet út Attje Meekma - boerinne en earder aktyf as CDA gemeenteriedslid - en Otto van der Galiën - dosint en earder aktyf as steatelid foar de PVV. Alle moannen skoot noch ien forumlid oan en dizze kear is dat Gerrit de Boer, sjoernalist mei ekonomy as spesjalisaasje.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)