Buro de Vries fan 23 septimber 2018 11:00

    * Geesje Duursma oer oprjochte gastfrijheid * De hjerst yn byld; op 'en paad mei natoer-amateurfotograaf Jaap Veenstra * YM Fekke Hornstra * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Tjalling van der Goot en Jan Willem Tuininga * Presintaasje: René Koster.

    De hjerst yn byld

    Ofrûne freed 21 septiimber - de dei dat de hjerst offisjeel begjint - sloech it waar yn ien kear om. Fan hearlik neisimmerwaar, nei hurde wyn en buien. Mar ek dat hat syn sjarme. Mei amateurfotograaf en gids by it Fryke Gea, Jaap Veenstra, seagen we yn it Ketliker Skar, om dêr de hjerst yn byld fêst te lizzen.

    Geesje Duursma oer oprjochte gastfrijheid

    Geesje Duursma fan Burgum pleitet foar 'Sense of Hospitality' foar Fryslân as 'legacy' fan LF2018. "We moatte ús yn de hoareka bewust wurde fan wat èchte gastfrijheid is, dat sil dan ek liede ta mear rendemint". Duursma hat in model ûntwikkele om soks te berikken. Yn in promoasje-ûndersyk wol se dit model wittenskiplik ûnderbouwe.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Fekke Hornstra fan Wikel. 

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch René Koster.

    Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Tjalling van der Goot en Lyda Veldstra

    Houkje Rijpstra - direkteur Circulair Friesland https://www.circulairfriesland.frl/
    Tjalling van der Goot - advokaat https://www.ankerenanker.nl/medewerkers/2_tjalling-van-der-goot
    Lyda Veldstra - FNP http://www.fnp.frl/nederlands/afdelingen/ljouwert/

    11:09 - Beat - Can't Get Used To Losing You
    11:32 - Kraantje Pappie & Joshua Nolet - Liefde In De Lucht
    11:45 - Des'ree - Life
    12:09 - Mink Deville - Demasiada Corazon
    12:17 - John Mayer - New Light

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)