Buro de Vries fan 23 novimber 2014 11:00

* De wike fan hinneboer Rimer Dijkstra * De siel fan de gospelsjonger * earmoede eartiids * kollum Tjalling van der Goot * Sjouke Lousma ûnderweis * Yn Memoriam Tryntsje de Groot * Nyk de Vries mei in ultrakoart ferhaal

De wike fan hinneboer Rimer Dykstra

Ferline wike sneon waard op in bedriuw yn Hekendorp fûgelgryp fêststeld. It gong om de besmetlike fariant H5N8 dy't ek op minsken oergean kin. Alle 150.000 hinnen moasten romme wurde en snein stelde it regear in lanlik ferfiersferbod en ophokplicht yn. Tongersdei waard in twadde gefal yn Ter Aar konstatearre, en freed it tredde yn Kamperveen by Swolle. Rimer Dijkstra fan De Lytse Jouwer is biologysk hinneboer. We sochten him freed op en seagen mei him werom op de ôfrûne wike.

Yn Memoriam: Tryntsje de Groot fan Terherne

Cor Waringa betinkt it libben fan Tryntsje de Groot fan Terherne. Op 2 oktober 2014 is se ferstoarn.

De siel fan de gospelsjonger

Gospelkoar Signalen út Snits en trije black gospelkoaren út Amsterdam bringe snein in konsert dat werom giet nei de roots fan de gospelmuzyk: it slavernijferline. In aktueel tema no mei de hiele Pitediskusje. Gerrit Breteler en de Curaçoas-Nederlânske sjongeres Izaline Calister ha hjir spesjaal in lied foar skreaun: de earste Afro-Fryske gospel. In liet dat snein foar it earst folsein te hearren wêze sil yn Theater Sneek. In moai projekt, sa hearden we ôfrûne wike doe't we by de lêste repetysje fan gospelkoar Signalen wiene.

It konsert fan 16:00 oere is folslein útferkocht mar der binne noch in pear kaarten foar de foarstelling fan 19:00 oere. Sjoch op www.theatersneek.nl of op www.gospelkoorsignalen.nl

Sjouke Lousma ûnderweis

Kollum fan Tjalling van der Goot

De kollum fan advokaat Tjalling van der Goot giet oer libbenslang. De libbenslange finzenisstraf yn Nederlân is seldsum. Yn oare lannen fan de Europeeske Mienskip wurdt in libbenslange finzenisstraf opnij besjoen nei 20 jier. Tjalling van der Goot jout syn miening oer de útsûnderingsposysje dy't Nederlân ynnimt.

Earmoede histoarysk besjoen

Nederlân heart by de rykste lannen fan de wrâld. Mar ek hjir komt earmoede foar en bin minsken mei ôfhinklik fan wat de 'itensbank' har taskoot. Hoe moat dat west ha yn tiden dat hast elkenien yn earmoede libbe? Hoe kaam men doe oan iten? En wàt iet men?
Buro de Vries reizge troch de provinsje op syk nei ferhalen oer earmoede en iten...

Nyk de Vries

Nyk de Vries mei it ultrakoarte ferhaal 'Grutte Pier'

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)