Buro de Vries fan 23 maart 2014, 11:00

Dizze snein sit it Buro op Thialf! Dit wykein it toaniel fan it WK allround. De lêste grutte wedstriid yn it Thialf sa't wy dat no kinne. Want, sa't je wol witte, der komt in nij Thialf. We stean stil by it begjin fan Thialf, by de hichte- en djiptepunten, it plak dat it iisstadion hat yn de reedrydwrâld.

Mei âld-reedriders, lykas Hilbert van der Duim en Falko Zandstra,
manlju fan de earste oere Jan Wijnsma en Piet Tjepkema,
trainer Jillert Anema en sportsjoernalist Bonne Stienstra
it organisaasjekomitee fan Thialf en direkteur Eelko Derks
in kollum fan trainer Geert Kuiper,
de wedstriidlieder, reedriders, it publyk...
Koartsein: eltsenien dy't Thialf makket ta it Thialf dat it no is.

In spesjale útstjoering fan Buro de Vries. Live fan Thialf ôf.
Presintaasje: Sippy Tigchelaar en Eelke Lok.
Muzyk: Gurbe Douwstra

Buro de Vries op Thialf, 11:00 -12:00 oere

Yn diot oere ûnder oare: It begjin fan Thialf, de diskwalifikaasje fan Jan Bols, it organisaasje kommitee, de frijwilligers, in nij Thialf en in nij iisstadion yn Ljouwert.

Buro de Vries op Thialf, 12:00 - 13:00 oere

Yn dit oere ûnder oare: reedriden en kommersy, it Thialf-momint fan de gasten, wat hat it reedriden ús gasten brocht, de supporters, de takomst fan it langebaan reedriden.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)