Buro de Vries fan 23 juny 2019 11:00

    In bysûndere Buro de Vries dizze snein, om't we der fan út gean dat Maarten van der Weijden dan noch ûnderweis is mei syn alvestêdeswimtocht. It sjocht der nei út dat er ûnder ús programma yn de omkriten fan Frjentsjer wêze sil. It Buro is dêr dan ek, mei Geartsje de Vries as ferslachjouwer op lokaasje. Sy hâldt ús op 'e hichte fan wat dêr allegear bart en sil ek yn petear mei in tal minsken dy't sels te meitsjen (hân) ha mei kanker. 

    Yn de studio, yn it hiele programma, trije Nijsfoarumleden: Otto van der Galiën, Houkje Rijpstra en Immie Jonkman. Sy reagearhe op de berjochten om Maarten hinne, mar ek op it oare nijs út Fryslân en de rest fan 'e wrâld. Fierder noch de fêste ûnderdielen as it Wike-oersjoch en Yn Memoriam fan Cor Waringa.

    It oersjoch fan de Wike

    De persoanlike weromblik op de wike troch de eagen fan René Koster...

    Yn Memoriam: Ynje Bijma

    'Yn Memoriam' fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ynje Bijma.

    11:19 - Taylor Swift - Shake It Off
    11:29 - De Kast - Eltse Grins Foarby
    11:43 - Ilse De Lange - Ok (Radio Edit)
    12:11 - Boudewijn De Groot - Avond

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)