Buro de Vries fan 23 july 2017 11:00

    11:00-12:00 oere: Peareltsjes út it argyf mei dizze kear: ferkearing mei Johan Cruijff en op syk nei de oarsprong fan Jonkers berneweinen.
    12:00-13:00 oere: 'Ferhalen fan it Waad' oer gaswinning ûnder it Waad, foar- en tsjinstanners.
    It folsleine programma wurdt jûns werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere.
    De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

    Ferhalen fan it Waad: De spagaat fan Ternaard

    • Ferhalen fan it Waad: De spagaat fan Ternaard

    De NAM wol fanút it doarp Ternaard in gasbel ûnder de Waadsee oanboarje. Gas dat Fryslân tolve jier fan enerzjy foarsjen kinne soe. Mar gas winne yn in kwetsber gebiet dat boppedat de status fan wrâlderfguod hat, kin dat wol? ? Buro de Vries sprekt mei foar- en tsjinstanners yn 'De spagaat fan Ternaard'.

    Ferkearing mei Johan Cruijff

    • Ferkearing mei Johan Cruijff

    Op 24 maart 2016 ferstoar Johan Cruijff. We ha hast allegear herinnerings oan him, al wie it allinne al om syn útspraken lykas "elk voordeel heb zijn nadeel'. It die ien ynwenner fan Fryslân miskien krekt wat mear as in oar. Nelleke Spee fan Ljouwert hat yn har jeugd in skofke mei de foutballeginde skarrele. Se wenne doe, lykas hy, yn Amsterdam. (in reportaazje fan ein ferline jier)

    Jonkers berneweinen út De Gordyk

    • Jonkers berneweinen út De Gordyk

    Sa no en dan sjoch je se noch, dy moaie âlde berneweinen út de jierren '50. Kollega René Koster hat der ek ien; foar de pakesizzers. Op in hast fersliten plaatsje wie noch krekt de namme fan de fabrikant te ûntsiferjen: 'Jonkers Gorredijk'. En nijsgjirrich as er is, woe er dêr graach mear fan witte. Hjoed it ferslach fan syn bysûndere, hast mysterieuze syktocht. (reportaazje fan maaie 2016)

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)