Buro de Vries fan 23 febrewaris 2020 11:00

    * Meartaligens yn Fryslân
    * Mankes yn wurden
    * Yn Memoriam Trientsje Bergsma
    * It oersjoch fan'e wike
    * It Nijsfoarum, mei Tieneke Clevering (Water Natuurlijk), Tjibbe Brinkman (FNP) en Eke Folkerts (Agrarische Jongeren Fryslân)

    'Alle talen meie der wêze'; lektor meartaligens Joana Duarte

    De nije lektor Frysk en meartaligens oan NHL Stenden, is sels in skoalfoarbyld fan meartaligens: Joana Duarte is hikke en tein yn Portugal, troude mei in Dútske man, promovearre oan de universiteit fan Hamburg, kaam nei Nederlân en krige in Fryske freon. Se praat Portugeesk, Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk, Frysk, Spaansk en Frânsk. Se is de oanjager fan it projekt 'meer kansen met meertaligheid' dat der fan útgiet dat de memmetaal wurdearring ha moat. Alle talen meie der wêze, ek as de learkrêft dy taal net behearsket. In reportaazje oer meartaligens mei de bern en learkrêften fan basisskoalle de Flambou yn Easterbierrum en mei Joana Duarte.  

    Wike-oersjoch

    It  oersjoch fan de ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster....

    YM Trientsje Bergsma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries of Friezinne. Ditkear is dat Trientsje Bergsma..

    Nijsfoarum

    Eke Folkerts, foarsitter Agrarische Jongeren Fryslân
    Tieneke Clevering, Wetterskipsbestjoerder Water Natuurlijk
    Tjibbe Brinkman, Undernimmer en aktyf yn de FNP as riedslid en as haad fan it partijburo

    Mankes yn wurden

    Dit jier is it hûndert jier lyn dat skilder en grafikus Jan Mankes yn Eerbeek ferstoar. Hy wie doe noch mar 30 jier.Tusken 1909 en 1915 wenne Mankes yn It Mar by It Fean en de ynspiraasje dy't er yn dy omkriten op die, is goed werom te sjen yn guon fan syn skilderijen. Letter dit jier komme der spesjale útstallings fan Jan Mankes yn museum Belvédère en museum MORE yn Gorssel. Dichter en natoerman Klaas Jager hat yn syn lêste bondel "Tussen hond en wolf" (In de Knipscheer, 2016) in trijelûk opnaam oer Jan Mankes. It Buro kuiere fannewike mei Klaas Jager deselde rûte dy't Jan Mankes faak rûn en kaam sa yn 'e kunde mei de skilder, troch de wurden fan de dichter.

    De Mankes-eksposysje yn museum Belvédère yn Oranjewâld hat as titel 'Jan Mankes en de dieren' en is te sjen fan 4 juli oantemei 20 september 2020.

    Drieluik voor Jan Mankes (Klaas Jager)


    1
    Deze gebrekkige wetenschap te moeten leven
    tussen ribben van porselein
    schatplichtig aan de moederschoot
    die het wonderbaarlijke baarde
    lief kind, je denkt veel te zwaar,
    de tijd lijdt aan ademsnood,
    ziet het liever verfijnd en licht
    speel het spel
    koester de lappenpop
    rol de bal rond in oneindige cirkels
    kneed de steen week tussen vederen vingers
    tem de zwaartekracht met een glimlach
    voel de zon op de tedere vleug van mossig gras
    kus de mond van wie de honger voedt
    het eerlijk verdeelt
    de onschuld vergeeft
    het slaaplied zingt
    het boek sluit,
    droom zacht

    2
    Voel iemands diepste adem
    de gedempte polsslag
    vanuit de gebutste borstkas
    vouw van de hand
    een vogel die vanuit
    een donkere struik
    schuchter het licht in scharrelt
    schets vingervlug het wezen
    in zijn vertragende beweging
    zie de ziel diep in zijn ogen
    laat het vrij, de enige keus,
    totdat het op rietdunne pootjes
    de zwaarte van de aarde ontstijgt

    3
    Het intieme tafereel ontleedt
    met het dunharig penseel
    fluwelen toets van
    turquoise
    alizarine krablakrood
    ultramarijnblauw
    sienna gebrand
    Schweinfurter Grün
    zinkwit
    napelsgeel
    glijdt het licht traag in de duisternis weg
    in het schemergras stolt een merel zwart
    het huis houdt wacht achter hek en heg
    teder doek draad voor draad gesponnen
    lichaam dat zich al moede te slapen legt,
    onderhuids weent het gewonde bloed

    Trijelûk foar Jan Mankes (Edwin de Groot)

    Dizze behyplike wittenskip libje te moatten
    tusken ribben fan porslein
    skatplichtich oan 'e memmeskurte
    dy 't it wûnderbaarlike yn 'e wrâld brocht
    leaf bern, do tinkst al te swier
    de tiid is koart op 'e siken
    sjocht it leaver presjeus en licht
    spylje it spul
    koesterje de lyskepop
    rôlje de bal rûn yn ûneinige sirkels
    knetsje de stien weak tusken fearren fingers
    bedimje de swiertekrêft mei in laits
    fiel de sinne op de sêfte wjuk fan mossich gers
    tútsje de mûle fan wa 't de honger fuorret
    it earlik ferpartet
    de ûnskuld ferjout
    it sliepsankje sjongt
    it boek slút,
    dream sêft
    Fiel de djipste siken fan ien
    de dompe polsslach
    út in bûdige boarstkas wei
    tear fan 'e hân
    in fûgel dy 't út
    in donkere strúk wei
    skrutel it ljocht yn skarrelet
    skets fingerrêd it wêzen
    yn in fertrage ferweech
    sjoch de siele yn syn eagen
    lit it frij, de ienichste kar
    oant it op reidtinne poatsjes
    loskomt fan swiere grûn
    it yntime tafriel útpluze
    mei in tinhierrich pinsiel
    flewielen streek fan
    turkoais
    alizarine kraplakread
    ultramarynblau
    brânde sienna
    Schweinfurter Grün
    sinkwyt
    Napelsgiel
    glidet it ljocht traach yn 't tsjuster wei
    yn it skimergers stjurret in swartlyster swart
    it hûs hâldt wacht efter hikke en hage
    broazel doek tried nei tried spûn
    lichem dat him wurch deljout
    ûnderhûdsk gûlt it ferwûne bloed

    Drieloek veur Jan Mankes (Johan Veenstra)


    1
    Et knoffelige weten om te leven
    tussen ribben van posselein
    schatplichtig an et moederlief
    dat et wonderbaorlike leven gaf
    lief kiend, ie bin te zwaor op 'e haand,
    de tied hapt naor aosem,
    het et liever teer en speuls
    speul et spullegien
    wees wies mit de lappiespoppe
    ruul de balle in oneindige cirkels in de ronte
    knede de stien zaachte tussen veren vingers
    bedwing de zwaortekracht mit een glimkien
    vuul de zunne op 'e tere locht van mossig grös
    tuut de mond van wie de honger voert
    et eerlik verpat
    de onschuld vergeft
    et slaoplietien zingt
    et boek dichte dot,
    droom lekker

    2
    Vuul iene zien diepste aosemhaelen
    de kwaolik te vernemen polze
    vanuut een indeukte bostkas
    reenfel van de haand
    een voegel die onder
    een donkere polle weg
    schruten et locht inscharrelt
    schets vingervlogge et wezen
    in zien vertraogde beweging
    zie de ziel in zien ogen
    laot et vri'j, de ienige keuze
    tot et op rietdunne poties
    loskomt van de zwaore grond

    3
    Et intieme tafriel uutpluusd
    mit een dunhaorig penseel
    flewielen streek van
    turkoois
    alizarine kraplakrood
    ultramarijnblauw
    braande sienna
    Schweinfurter Grün
    zinkwit
    Napelsgeel
    glidt et locht traoge in et duuster vot
    in et schiemergrös stolt een liester zwat
    et huus is allat aachter hekke en hede
    brossig doek draod veur draod spunnen
    lichem dat him mu daelegeft
    onderhuuds goelt et toetaekelde bloed

    11:22 - Dakota Moon - Another Day Goes By
    11:42 - Ut Gabe Skroar - Seemansklachte
    11:54 - Bonnie Raitt - Something To Talk About
    12:08 - Daluxe - Don't Talk Innocence
    12:17 - Martin Garrix & Dean Lewis - Used To Love

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)