Buro de Vries fan 23 desimber 2018 11:00

    Yn Buro de Vries op snein 23 desimber in weromblik op it grutte projekt Iepen doar(p). Yn in rige fan 129 radioreportaazjes krije we in byld fan de doarpsmienskip fan Feanwâldsterwâl. Mei Sippy Tichelaar en Sjoerd Litjens sjogge werom op dizze rige programma's.

    Yn it nijsfoarum beprate we de aktualiteit fan dizze wike. Dizze kear mei Jenny Douwes, Harry van der Molen en Jaap Stalenburg.

    Iepen doarp

    Yn 129 ôfleveringen kamen de harkers fan Omrop Fryslân dit jier yn 'e kunde mei de ynwenners fan it doarp Feanwâldsterwâl. Sippy Tichelaar en Sjoerd Litjens makken de radioreportaazjes mei de titel Iepen doar(p). It wie in yntensive opdracht dêr't Sjoerd Litjens de betinker fan is. Hy beluts Sippy Tichelaar by it projekt. De twa sjoernalisten makken de ferhalen mei de bewenners fan it âlde feandoarp. In grut ferskaat oan ferhalen oer it doarp mar ek oer de wize fan libjen en tinken fan doarpelingen kamen nei boppe. Somtiden heftich en emoasjoneel mar ek fleurich of konfrontearjend. It joech troch it jier hinne in moai byld fan de mienskip fan it doarp. Feanwâldsterwâl as symboal fan de plattelânsbefolking.

    Neffens Sjoerd Litjens begûn it mei in lyts idee en is it projekt behoarlik "út de klauwen" rûn. Op in positive wize dan. Sa is der oan't 6 jannewaris 2019 in eksposysje yn doarpshûs de Schierstins yn Feanwâlden oer Iepen doar(p). Foar de sjoernalist wie it ek in weromkear nei it doarp dêr't hy opgroeide. Syn ynstelling 'elk libben is in portret wurdich' brocht him op it idee foar Iepen doar(p).

    Mei Sjoerd en Sippy harkje we nei in lytse seleksje fan dizze rige en sjogge werom op it hiele proses.

    It nijsfoarum

    Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries nimme Jenny Douwes, Jaap Stalenburg en Harry van der Molen de aktualiteiten troch.

    Hoe liezen sy de brief fan premier Rutte oan it folk, wat fine se fan de bestjoersperikelen by Sportklup Hearrenfean en wat fine se fan it wurd fan it jier 'blokkearfries' ?

    Yn it buro komt (hast) alles oan 'e oarder.

    12:11 - U2 - With Or Without You
    12:19 - Josh Groban - Bigger Than Us

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)