Buro de Vries fan 23 augustus 2020 11:00

    Te gast yn Buro de Vries op snein 23 augustus Anne Meta Kobes Gerritsen. Anne Meta is 33 jier en dûmny by de Protestantske tsjerke op It Hearrenfean. 

    En fansels Apen en bearen, in werhelling fan in rige mei Annelies van der Goot en Karen Bies dy't besykje te oerlibjen yn de Fryske 'wyldernis'. We komme wer yn 'e kunde mei in bijker yn Fryslân en in reportaazje út it argyf. Geartsje de Vries stapte op de fyts troch It Heidenskip en omkriten en hearde de moaiste ferhalen oer de omkriten fan it fierljepdoarp.

    Te gast yn Buro de Vries: de jonge dûmny Anne Meta Kobes Gerritsen

    Dizze simmer set it buro alle wiken de doarren iepen foar in jonge Fries of Friezinne dy't in bysûnder ferhaal of bisûndere ambysjes hat. Of beide. Op 23 augustus skoot Anne Meta Kobes Gerritsen oan by Simone Scheffer. Se komt dan streekrjocht út de Protestantske tsjerke Trinitas op It Hearrenfean dêr't se de moarns in tsjinst liedt. 

    Anne Meta is berne yn Burgum, mar net yn Fryslân opgroeid. Dochs fielt se har bot ferbûn mei Fryslân en de Friezen. Sterker noch, se fielt har Friezinne omdat har achtergrûn ek Frysk is.

    Foar wa't tinkt, wêr ken ik har namme ek alwer fan? Anne Meta wie inisjatyfnimmer fan de aksje "houd moed, heb lief". Se begûn mei kollega's mei online tsjinsten mar liet ek posters en flaggen ûntwerpe mei de tekst Houd moed, heb lief. It waard in grut sukses, de posters en flaggen waarden lanlik in protte besteld.

    Anne Meta is sûnt 2014 ferbûn oan de Trinitastsjerk op It Hearrenfean. Se studearre teology oan de VU yn Amsterdam en dêrnei de oplieding ta predikant yn Kampen. De appel falt net fier fan de beam, want de pake fan Anne Meta wie ek predikant.

    De jonge dûmny is net allinnich yn de tsjerke bot aktyf, ek dêrbûten. Se hat in eigen webside dêr't se mei regelmaat filmkes op set mei har gedachten en moedjaande ferhalen. Dy binne te finen op: https://domineekobes.nl/
    Anne Meta is snein te hearren tusken 12 en 13 oere yn Buro de Vries op 23 augustus.

    11:07 - Jango - Joyful Caravan
    11:21 - Frans Halsema - Zondagmiddag Buitenveldert
    11:39 - Geartsje Zwerver - Ferlieding

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)