Buro de Vries fan 23 augustus 2015 11:00

Us jubilaris fan dizze wike is LSC 1890 út Snits, in fuotbalferiening fan 125 jier. En yn Frankryk binne we oankommen yn it Nalanda-kleaster. Hjir wennet Simon de Boer, boeddhistysk mûnts.

Jubilaris: LSC 1890

4 maart 1890 stiet noteard as oprjochtingsdatum fan LSC 1890. Net dat de namme doe al LSC wie, en fuotballe waard der doe ek noch net, mar it begjin wie der. En dermei is LSC de op-ien-nei âldste fuotbalklup fan Fryslân. Allinne Frisia 1883 út Ljouwert is krekt wat âlder. Dit oere it ferhaal fan LSC, in klub bewust fan harren roots, beskieden mar bol fan tradsysjes.

In klup mei tradysjes

Fan de fiif fuotbalferienings yn Snits is LSC de klup mei de measte grandeur. Sa ha se net in kantine, mar hat men it oer it restaurant. De blauwe fuotbalshirtsjes ha in wyt kraachje en de foarsitter hâldt net in taspraak mar in 'speech'.

In tribune mei in ferhaal

De tagongspoort en it tribunegebou fan LSC binne ryksmonuminten. Se binne boud yn de styl fan de Amsterdamse School. Bysûnder, mar dat ha se by de feriening net altyd sa sjoen. Op in bepaald stuit ha se it der sels oer hân om it gebou te slopen. Gelokkich is dat net bard. It is it pronkstik fan LSC: in tribune mei in (oarlochs)ferhaal.

Ambysjes

LSC 1890 hat mear as 800 leden. De jeugd hat de takomst en dêrom set de feriening yn op in goeie jeugdoplieding. LSC wol besykje takom jier nei de earste klasse te promovearjen. Moat kinne, sizze de saakkundigen lâns de line, mar dan moat it spul wol wat grimmitiger wurde.

Friezen yn Frankryk: Simon de Boer

Noardwest fan Toulouse leit it plakje Labastide St. George. Hjir stiet it Nalanda kleaster. We freegje nei Tendar, de boeddhistyske namme fan Simon de Boer. In lange man yn (donker)reade klean ferskynt om 'e hoeke fan it kantoar. Simon/Tendar (53 jier) komt fan Kollumerpomp. Hy hat yn Grins sosjale wittenskippen studearre en dêr ek wenne en wurke. 13 jier lyn hat hy syn hûs ferkocht, ôfskie nommen fan al syn besittings en keazen foar it sobere kleasterlibben. Simon waard earst mûnts yn oplieding.'" Nei in lange stúdzje koe ik de 250 'geloftes' ôflizze by de Dalaï Lama, dat wie in geweldige erfaring".

Simon/Tendar en it kleaster

It Nalanda kleaster bestiet sa'n 30 jier. Simon/Tendar hat sân en in heal jier direkteur west. Yn dy tiid hat hy in masterplan makke fan 25 jier foar de útwreiding fan it kleaster. Hy hat ferline simmer bewust in stap werom dien, omdat hy wer studearje wol. Njonken de stúdzje wurdt hy yn oare sintra oeral op de wrâld útnoege om stúdzjesessys te begelieden.

It Nalanda kleaster (2)

Yn it kleaster wenje 20 mûntsen, in pear 'leken' (mûntsen yn oplieding) en frijwilligers dy't allerhande klussen dogge. De mûntsen wenje yn in eigen gebou, in gebou dêr't fierder net ien komme mei, dus wy ek net. Oerdeis komme der ek studinten de sessys folgjen, mar sy wenje net yntern. Om 12:30 oere skowe we oan foar de lunsj by in tige bûnt selskip fan wol 22 nasjonaliteiten. Letter meitsje we noch in part fan in stúdzjesessy mei. De Tibetaanske learaar sprekt allinne syn eigen taal. Alles wurdt 'live' oersetten yn it Ingelsk, Frânsk en Spaansk.

Simon de Boer/Tendar in jier letter

Simon folget noch altyd it paad fan de Boeddha. Hy skriuwt ús: Ik rin noch hieltyd rûn yn reade gewaden en in keale holle om it libben simpel te hâlden. Oan de bûtenkant feroaret net folle en dochs feroaret der stadichoan yn mysels in soad. Eltse dei biedt in kâns om mysels te ferbetterjen. Of sa as 'Zijne Heiligheid de Dalai Lama' it seit: 'wij als mensen hebben allen hetzelfde potentieel om goed te doen en slecht te doen. Het belangrijkste is om ons bewust te worden van wat goed is en dat te versterken en vermeerderen, en bewust te worden van onze negatieve zijde, en dit te verminderen. Dat is het spirituele pad. Never give up, geef nooit op!'

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)