Buro de Vries fan 23 april 2017 11:00

* Underdûkt yn Fryslân: Salo Muller * Nei aksje fan Sofia Gondman fan Oranjewâld moast Vermilion ien put ticht dwaan * YM Maria van der Steen * Nijsfoarum: mei Martin Cnossen (Merk Fryslân), Trienke Elshof (LTO Noard) en Ultsje Hosper (FNP).
Presintaasje: Simone Scheffer.

'De oarloch is der altyd'

  • 'De oarloch is der altyd'

Dizze moanne ha wy omtinken foar "Underdûkt yn Fryslân", in projekt fan Tresoar, produsint Wij fan PS en Omrop Fryslân. Mei radio en TV programma's, lêzingen en it digitalisearjen fan de Fryske ûnderdûkregistraasjes, wurdt de ûnderdûkskiednis út de Twadde Wrâldoarloch tagonklik makke. Yn Buro de Vries hjoed in petear mei de Joadske Salo Muller út Amsterdam. Hy is no 81 jier en hat de lêste twa jier fan de oarloch yn Oerterp en Fryske Peallen ûnderdûkt sitten. Op syn lêste ûnderdûkadres, by ‘omke en beppe’ hat er it goed. “Het waren lieve mensen” seit er oer harren.
Salo Muller is no 81 jier en wer werom yn Amsterdam. De oarloch is der noch altyd: Hy hat ferlittingseangst, is bang yn it tsjuster en hy hat allegear kwalen, echte en ynbylde.

Ik ben niet tegen gaswinning, maar dat we het niet wisten!

  • Ik ben niet tegen gaswinning, maar dat we het niet wisten!

Tiisdei 11 april moast gaswinningsbedriuw Vermilion ophâlde mei it winnen fan gas út put nûmer 3 by Langsweagen. It fielde wol in bytsje as in oerwinning foar Sofia Grondman fan Oranjewâld. Doe't sy yn febrewaris hearde dat der ûnder har wyk Skoatterwâld gas út de grûn helle waard, sûnder dat se dat wist, dûkte se yn de matearje. Har kompjûter barst yntusken fan de offisjele stikken en kaartsjes mei kontoeren fan gaswingebieten. Ynwenners fan Skoatterwâld freegje yn in petysje oan wethâlder Siebren Siebenga om in nulmjitting fan harren huzen, in ûnôfhinklik ûndersyk en goeie foarljochting fan de gemeente. Moandei 24 april ferwachtsje sy antwurd. Wurdt ferfolge dus.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Maria van der Steen.

Nijsfoarum mei Martin Cnossen, Trienke Elshof en Ultsje Hosper

  • Nijsfoarum mei Martin Cnossen, Trienke Elshof en Ultsje Hosper

11:10 - Alain Clark - Blow Me Away
11:24 - Eurythmics - I Saved The World Today
11:41 - Elske Dewall - Heb Het Leven Lief
11:53 - Hein Jaap Hilarides - Wat 'n Nacht
12:12 - Adele - Water Under The Bridge
12:19 - Gérard Lenorman - Si J'étais Président

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)