Buro de Vries fan 22 septimber 2019 11:00

    Mei in dokumintêre oer radiopionier Hanso Idzerda fan Weidum. Hûndert jier lyn fersoarge hy de allerearste radioútstjoering. Cor Waringa besprekt yn Yn Memoriam it libben fan Ruurdtsje Faber - de Boer. Yn it nijsfoarum sitte Isabelle Diks, Ellen van Selm en Durk Pool.

    In weachhals út Weidum: Radiopionier Hanso Idzerda

    Yn novimber 1919 hie Nederlân in primeur: de allerearste publike radio-útstjoering. It wie it wurk fan in eigensinnige Fries: Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda, út Weidum.
    Wa wie dizze wûnderlike man, en hoe makke hy de útstjoerings?

    Radiomakker Ant Haaima groeide op yn it doktershûs dêr't Idzerda berne waard. Mei Leo Knikman gong se nei it Radio Amateurmuseum fan Frans Driessen, sprutsen Idzerda syn soan Bart, en blêden mei pakesizzer Henk de Brey troch de fotoboeken.

    28 oktober - 3 novimber: temawike 100 jier radio

    Yn de wike fan 28 oktober oant 3 novimber besteget Omrop Fryslân omtinken oan 100 jier radio. Radiokoördinator Jan Dirk de Haan fan Omrop Fryslân fertelt hoe en wat.

    Minsken dy't in moai ferhaal ha oer de radio, dat kin in moaie werinnering wêze, of in programma dêr't altyd nei harke waard, kinne dat maile nei de redaksje fan Buro de Vries: burodevries@omropfryslan.nl

    Yn Memoriam: Ruurdtsje Faber-de Boer

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.Dizze kear is dat Ruurdtsjer Faber-de Boer.

    It wikeoersjoch

    In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike.

    it nijsfoarum mei Isabelle Diks, Ellen van Selm en Durk Pool

    t Nijsfoarum bepraat it nijs út Fryslân en de rest fan de wrâld. Ditkear mei Isabelle Diks (2e keamerlid foar Grien Links), Durk Pool (Steatelid foar de VVD) en Ellen van Selm, boargemaster fan Opsterlân en foarsitter fan de P10 (de 10 grutste plattelânsgemeentes).

    11:07 - Bonnie Raitt - I Can't Help You Now
    11:41 - Bauke Van Der Woude - Sis My Werom Ik In Fries Bin
    11:52 - Khaled - Aicha
    12:12 - Nits - Soap Bubble Box
    12:20 - Danny Vera - Roller Coaster

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)