Buro de Vries fan 22 septimber 2013

Wat sit der yn dizze ôflevering fan Buro de Vries? We binne minsken fan de klok, mar rint dy lyk mei de klok fan ús lichem? Keunst meitsje yn Sina, in nij printeboek, Carolien Roodviets en fansels alle fêste saken.

"De spitsmûs bin ik", tink ik

"Tuinpatat" is de titel fan in nij printeboek. In printeboek foar lytse bern. Oer Iepke en Bette, in bear en in spitsmûs, dy't útfine hoe't jierappels groeie. It is makke troch Grietje Huisman (dochter fan Jopie Huisman). Grietsje skildert yn detail wat se sjocht, blommen, planten, bisten. Achter yn 'e tún kin se oeren sitte.
It printeboek Tuinpatat is útjûn by útjouwerij Rubinstein

http://www.rubinstein.nl/titel/Tuinpatat/1135 

YM: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jan Miedema fan Snits

Keunst meitsje yn Sina

Je bin bylzjend keunstner en wenje yn Marssum. Je wurde útnoege om nei Sina te kommen om wurk te meitsjen foar in museum. Je kin meitsje wat je mar wolle en treffe dan ek noch in rike Sinees. Dat oerkaam Eveline van der Pas foarich jier. Dizze moanne is se wer oan't wurk yn Sina. Har koffer wie al pakt, doe't we ferline wike bij har wienen.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fannemoarnis hy yn Dokkum.

De miening fan ...Carolien Roodvoets

Alle seinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets.

Us biologyske klok

Wisten jo dat ús biologyske klok net lyk rint mei jo horloge? En dat dy klok alle dagen lyk set wurde moat troch it deiljocht?
Hyltyd mear minsken komme te min bûten en negeare it ritme fan de biologyske klok. Prof.Dries Kalsbeek docht der ûndersyk nei yn it AMC.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Drachtster Kei
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)