Buro de Vries fan 22 oktober 2017 11:00

Dûmny Corry Nicolay oer de betinking foar it fermoarde echtpear yn Ketlik * #metoo: hoe spilet dit op it MBO? * YM Tietsje Hobma-Wijnia * Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Jan Huitema en Reino Meinema.

#metoo

  • #metoo

Conrad Berghoef hifke by syn learlingen hoe sy tochten oer #metoo. It makke hiel wol los. Cornad Berghoef is ferline wike ferkeazen ta MBO-leraar fan it jier en wurket op it ROC Friese Poort yn Drachten. We praten mei him en twa fan syn learlingen, Lynsey en Manon, nei oer dat klassepetear.

It Centrum Seksueel Geweld is 24/7 berikber op 0800-0188, of sjoch foar mear ynformaasje op harren side: https://www.fondsslachtofferhulp.nl/alshetjouoverkomt/

Corry Nicolay oer de betinking foar Jos en Margreet út Ketlik

  • Corry Nicolay

Hoe betinke je in echtpear nei in famyljedrama? Corry Nicolay fertelt oer de betinking dy't sy liede mocht foar it echtpear Jos Verdonk en Margreet Andriol fan Ketlik.

Belje mei Merijn yn Barcelona

  • Merijn Bouma oer de sitewaasje yn Kataloanje

Merijn Bouma wennet yn Barcelona. Hy hâldt ús op 'e hochte fan de sitewaasje yn Kataloanje. 

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM Tietsje Hobma-Wijnia

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tietsje Hobma-Wijnia.

Wykoersjoch

  • Wykoersjoch

In oersjoch fan de wike troch Simone Scheffer.

Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Jan Huitema en Reino Meinema.

  • Nijsfoarum

11:11 - Leaf - Wonderwoman
11:23 - Ed Sheeran - Galway Girl
11:44 - Paul Simon - Late In The Evening


12:13 - Roy Orbison - You Got It
12:19 - Son Mieux - Hiding

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)