Buro de Vries fan 22 novimber 2020 11:00
Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje
Elly Breeuwsma en har gefjocht tsjin alfleisklierkanker
Alfleisklierkanker is de ien-neideadlikste foarm fan kanker. Njoggentich prosint fan de pasjinten ferstjert binnen in jier nei de diagnoaze. Elly Breeuwsma fan Ljouwert krige trije jier lyn te hearren dat se alfleisklierkanker hat. Sy koe operearre wurde en yn dy trije jier hat se meardere gemokueren hân. Se hat har hoop fêstige op professor Casper van Eijck dy't fan ' e wike bekend makke dat syn ûndersyk nei in foarm fan ymmunoterapy hoopfolle risseltaten jout: fan de tsien pasjinten binne njoggen nei oardel jier noch altyd 'skjin'. Elly koe net meidwaan oan dat ûndersyk, mar no't it útwreide wurdt, hopet se dat se wol yn 'e beneaming komt.
Buro de Vriesredakteur Geartsje de Vries makke in hiel persoanllik dokumint.
'Taaltreast' coronaproof taalprojekt wint Europeeske prizen
Op it kongres foar 'levende talen' wie der in pear wike lyn grut sukses foar it Lectoraat meertaligheid en geletterdheid fan NHL Stenden. Ien projekt wûn de twadde priis en in oar projekt gie der fan troch mei de earste priis én de publykspriis. Dat wie it projekt Taaltreast, ûntwikkele troch Janke Singelsma. It Buro prate mei har oer it projekt en tôge ek nei Wommels, dêr't learkrêften en bern entûsjast meidien ha.Mei de priis: 5000 euro en nochris 1250 euro foar de publykspriis, wol Janke it projekt graach breder útrôlje. Krekt omdat it hiel universeel is, kin it eins oeral wol útfierd wurde.
11:39 - Danny Vera - Roller Coaster
12:07 - Bernie Lyon - The Love Of A Woman