Buro de Vries fan 22 jannewaris 2017 11:00

De mystike missy fan Karin Spijkerman * Ad Fahner fertelt oer de Voorstreek yn Ljouwert * YM Jiilt Venema * Nijsfoarum mei Jantien de Boer, Retze van der Honing en Lolkje Efdé-Kleefstra.

'Ik wol it paranormale út it sweverige helje"

  • 'Ik wol it paranormale út it sweverige helje"

It is betiden in striid. It libben. Wa bin ik, wêrom doch ik wat ik doch en wat binne myn tûkelteammen. Hast elkenien hat wolris fan dy gedachten. Hoe wurdt bepaald wa't je binne. Binne it je jeugdherinneringen, trauma's of belibbenissen? Dat kin. Mar der binne ek minsken dy't tinke dat je erfaringen út foarige libbens fan ynfloed binne op wa't je no binne. Dat der mear is as ien libben en mear tusken himel en ierde.
Karin Spijkerman út Koudum is transpersoanlik terapeute. Sy giet, as je dat wolle, werom nei jeugd en eardere libbens. Se is medium en fynt dat it paranormale mear út de "enge sfear" weihelle wurde moat.
Krekt is har twadde berneboek útkaam. Als een vlinder weggevlogen. It giet oer paranormale saken.

http://karinspijkerman.nl/

'Ik denk dat it de meest internationale winkelstraat van Leeuwarden is'

  • 'Ik denk dat it de meest internationale winkelstraat van Leeuwarden is'

In foarpriuwke fan Ad Fahner fan de lêzing "Van Paardepijp tot Hoeksterpijp", oer de skiednis fan de Voorstreek.
https://historischcentrumleeuwarden.nl/agenda

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jilt Venema.

Nijsfoarum mei Jantien de Boer, Retze van der Honing en Lolkje Efdé-Kleefstra

  • Nijsfoarum mei Jantien de Boer, Retze van der Honing en Lolkje Efdé-Kleefstra
11:10 - George Ezra - Budapest
11:26 - Nynke Laverman - Salang
11:38 - Neil Young - Heart Of Gold
11:41 - Brigitte Kaandorp - Leven Zonder Angst
11:51 - Sheryl Crow - My Favorite Mistake
12:09 - First Aid Kit - My Silver Lining
12:16 - De Dijk - We Beginnen Pas

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)