Buro de Vries fan 22 desimber 2019 11:00

    * Werom sjen op hast 1000 dagen tsjerke-asyl yn Rottefalle;
    * Kimswert: De rykdom fan it ferline;
    * Yn Memoriam: Sjoerd Westra;
    * It oersjoch fan 'e wike; en
    * It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD), LC-haadredakteur Sander Warmerdam en Harm Wiegersma, foarsitter fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond

    Kimswert: De rykdom fan it ferline

    Reinder Politiek hat mei nocht fyftich jier boer west en kin boppedat sjoen wurde as de amateur-histoarikus fan syn doarp Kimswert. Koartlyn ferskynde fan syn hân it boek De rykdom fan it ferline. Hy fertelt dêryn oer it boerelibben fan eartiids en wat der yn de rin fan 'e tiid allegear feroare is. Mei de feroarings yn de lânbou, feroare ek it doarp. Yn geef en blomryk Frysk beskriuwt Politiek dy feroarings, faak mei nijsgjirrige anekdoates. It Buro makke mei de auteur in slach troch Kimswert...

    Tsjerke-asyl De Rottefalle

    'DUIZEND DAGEN', in podcast oer it tsjerke-asyl fan De Rottefalle.

    De doopsgesinde tsjerke fanDe  Rottefalle waard begjin jierren njoggentich in skûlplak foar in Syrysk Ortodokse famylje fan heit, mem en fjouwer bern. De doarpsbewenners holden de wacht. Dei en nacht, hast tûzen dagen lang. Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad publisearje mienskiplik in podcast oer it langste tsjerkeasyl fan Nederlân.

    April 1992. De doopsgesinde tsjerke fan De Rottefalle biedt tsjerkeasyl oan in útprosedearre gesin út Syrië. De famylje kriget ûnderdak yn de lytse konsistoarje. Frijwilligers hâlde twa oan twa de wacht yn tsjerke, der leit in preek klear foar it gefal de plysje der in ynfal docht. De groep helpferlieners groeit út nei mear as hûndert minsken. It wurdt in spannende en ûnwisse tiid foar de famylje, want it ferbliuw yn 'e menistetsjerke duorret úteinlik mear as twaenheal jier - hast tûzen dagen. It langste tsjerkeasyl oait yn Nederlân. Yn oktober 1994, no 25 jier lyn, nimme de Rottefalsters mei in tsjerketsjinst ôfskie fan de Syryske famylje. De sjoernalisten Wieberen Elverdink fan de Leeuwarder Courant, Diane Romashuk fan it Friesch Dagblad en Karen Bies fan Omrop Fryslân makken in podcast oer dy bysûndere skiednis. In gearwurkingsprojekt fan 'Finster op Fryslân', mei stipe fan de provinsje Fryslân. De podcast 'Duizend Dagen' giet ek oer de krêft fan in doarpsmienskip. Yn de fiifdielige dokumintêre-rige komme belutsenen oan it wurd, lykas de frijwilligers út De Rottefalle en in soan fan de de Syrysk Ortodokse famylje. De sjoernalisten sochten ek âld-steatssiktaris fan justysje Aad Kosto op, om mei him te praten oer syn asylbelied fan begjin jierren '90. Yn dy tiid naam it tal asylsikers rap ta. Kosto wie yn 1991 doelwyt fan in bomoanslach fan de terreurgroep RARA.

    De podcast is fan 24 desimber ôf te belústerjen fia de websites fan de trije Fryske media en is ek te downloaden op de bekende podcast-apps en Spotify. Karen Bies is te gast by it Buro en lit al fêst it ien en oar hearre.

    It oersjoch fan de wike

    De ôfrûne wike sjoen troch de eagen fan René Koster...

    It Nijsfoarum

    It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD), LC-haadredakteur Sander Warmerdam en Harm Wiegersma, foarsitter fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Sjoerd Westra.

    11:09 - Venice - If I Were You
    11:30 - Aafke Zuidersma - Lokkich Krystfeest
    11:35 - Joshua Kadison - Jessie
    12:10 - Corrs - Love To Love You
    12:18 - Eric Clapton - Change The World

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)