Buro de Vries fan 22 april 2018 11:00

    * Lost in the Greenhouse: muzykteäter tusken de tomateplanten * 100 jier kuorbal yn Fryslân * YM Rients Huisman * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Jan Willem Tuininga en ......

    Presintaasje: Geartsje de Vries.

    Lost in the greenhouse: Muzykteäter tusken de tomateplanten

    Pool dood in sloot, wie de kop fan in lyts artikel yn de Ljouwerter Krante, sa'n 3 jier lyn. It waard de ynspiraasjeboarne fan it muzykteäterstik "Lost in the Greenhouse". In ferhaal oer Poalske en Fryske arbeiders yn de grientekassen by Seisbierrum, oer ferkillende kultueren, en oer de leafde. It stik fan teäterselskip Orkater gong tongersdei yn premjêre. In ympresje:

    https://www.orkater.nl/voorstelling/lost-greenhouse#productie
    https://podcastluisteren.nl/pod/Podkas-Pawel-de-Poolse-Plukker

    100 jier kuorbal yn Fryslân: moai bûtenspul foar froulju

    100 jier bestiet de Friesche Korfbal Bond, mar kuorballe wurdt der al folle langer, sûnt 1904 om krekt te wêzen. En it wiene net de militêren dy't it kuorbaljen hjir hinne brochten, mar entûsjaste gymmastyk-masters. Sa mar wat feiten út it nagelnije boek 'Korfbal in Friesland' fan Geert Keuning. Hjiryn beskriuwt hy it begjin en de earste ûntwikkeling fan dizze sport yn ús provinsje. In ryk ferline, sa blykt; mar is der ek takomst foar dizze sport dy't guon noch altyd as 'suf' omskriuwe? Dizze wike tilde it op fan de kuorbalaktiviteiten yn Ljouwert, Sa wie hjir de lotting fan de EK dat yn oktober yn Fryslân holden wurdt, spile it grutte Oranje (team NL) in demonstraasje-wedstryd en waard it boek offisjeel oanbean. It Buro trof auteur Geert Keuning tusken de bobo's en de topspilers.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Rients Huisman.

    Oersjoch fan de wike

    Makke troch Geartsje de Vries.

    Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Jan Willem Tuininga en ....

    11:09 - Gabriel Rios - Broad Daylight
    11:25 - Tom Petty - Learning To Fly
    11:41 - Elske Dewall - Dunsje My De Leafde Ut
    11:52 - Mark Knopfler & James Taylor - Sailing To Philadelphia
    12:09 - Cyndi Lauper - Time After Time
    12:17 - Ilse De Lange - Ok

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)