Buro de Vries fan 21 oktober 2018 11:00

    * útrikking Gouden Gurbes * Ulke Veersma, dosint yn Londen, oer de Brexit * Yn Memoriam: Germ Bylsma * it wykoersjoch * it nijsfoarum mei Tjibbe Brinkman, Aafke Postma en Harry van der Molen

    De Gouden Gurbes

    13 Iepenloftspullen diene dit jier mei om de Gouden Gurbes, de Oscars fan de Fryske iepenloftspullen. De Ljouwerter Krante hat dizze priis 12 jier lyn yn it libben roppen. Ofrûne freed waarden yn de Harmonie yn Ljouwert de seis byldsjes fan dit jier útrikt. It Buro wie derby en trof alderearst inisjatyfnimmer sjoernalist Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante.

    De Gurbes giene nei:

    Burgum (bêste foarmjouwing), Herman Tichelaar (bêste byrol), Jorwert (bêste foarstelling én publykspriis), Doete Stenekes (bêste haadrol) en Stern Kok (grutste jonge talint)

    Ulke Veersma, dosint yn Londen, oer de Brexit

    Hoe komt it mei de Brexit? Nimmen dy’t it wit, al wurdt it wol hieltyd spannender. Fan 'e wike soe der wer in wichtige stap setten wurde, mar dat barde net. It draaide wer út op útstel. De datum fan de Brexit sels leit lykwols fêst: op 29 maart 2019 om 23:00 oere Ingelske tiid ferlit Grut-Brittannië de Europeeske Uny. Buro de Vries besiket wat helderheid te krijen fan Prof. dr. Ulke Veersma fan Frjentsjer. Hy is ferbûn oan de University of Greenwich as “Senior Lecturer”.

    Yn Memoriam: Germ Bylsma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Germ Bylsma.

    It wykoersjoch

    Ïn persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike.

    it nijsfoarum mei Harry van der Molen, Tjibbe Brinkman en Aafke Postma

    It nijsfoarum bestiet út Twadde Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA, FNP-riedslid Tjibbe Brinkman en Aafke Postma, ien fan de sprekkers juster by (F)Rede fan Fryslân.

    11:11 - Godley & Creme - A Little Piece Of Heaven
    11:32 - Mavericks - Someone Should Tell Her
    11:55 - Gerbrich Van Dekken - Datsto Myn Leafde Fielst
    12:09 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)