Buro de Vries fan 21 maaie 2017 11:00

Nienke Dijkstra docht wat oan de plestik sop yn de Waadsee * De nije dijk fan Drachten nei Appelskea is klear mar net elts is der wiis mei * YM Ele Bouma * Nijsfoarum mei Piet van der Wal, Sjoerd Galema en Irene Overduin.
Presintaasje: Geartsje de Vries.

Nienke docht wat oan de plestik sop yn it Waad

  • Nienke docht wat oan de plestik sop yn it Waad

Plestik sop, jo hawwe der wol fan heard. Plestik rotsoai yn de see. Nienke Dijkstra is sûnt fiif jier dwaande mei de plestik sop yn de Waadsee. Alle moannen nimt se in groep minsken mei nei in sânplaat om dêr op te romjen. Ferslachjouwer Berber Hania stapte ek oan board.
http://www.doeeenswad.nl/

Swarte flaggen by Donkerbroek

  • Swarte flaggen by Donkerbroek

Wa't mei de auto fan Drachten nei Emmen rydt, of krekt oarsom, kin sûnt in jier oer de nije N381. In fjouwerbaansdyk dy't sa oanlein is dat de oerlêst foar minsk en natoer minimaal is. Moai om de bewenne gebieten hinne en mei wol hûndert passaazjes foar bisten. Dochs is skynber net elk tefreden. Oan de dyk by in pleatske wapperje swarte flaggen en fierderop stiet in protestboerd mei de tekst: "Horen en zien vergaat ons! En de provincie zwijgt!?" Tiid foar ûndersyk fan it Buro.

Yn Memoriam

  • Yn Memoriam

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Gerben Sjollema.

Nijsfoarum mei Piet van der Wal, Sjoerd Galema en Irene Overduin

  • Nijsfoarum mei Piet van der Wal, Sjoerd Galema en Irene Overduin

Oersjoch fan de wike

  • Oersjoch fan de wike

11:09 - Colbie Caillat - The Little Things
12:10 - Justin Bieber - Sorry
12:19 - Crystal Fighters - You & I

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)