Buro de Vries fan 21 juny 2020 11:00

    In Frisse Noas mei Doet Boersma fan de Kunstacademie Friesland: "De natoer hat my der troch skuord"

    "Claim your future", jongeren prate mei oer de takomst;

    De emissie-earme stâl;

    It Oersjoch fan de Wike;

    It Nijsfoarum mei Tytsy Willemsma (FNP), Albert van Keimpema (VVD) en Harry van der Molen (CDA);

    Yn Memoriam Rouke Sinnema;

    Wa't de jeugd hat...

    Wa't de jeugd hat, hat de takomst. Dat witte we allang. Dochs bin it faak de âlderen dy't oan'e knoppen draaie by it formulearen fan it takomstbelied. De direkte útnoeging yn de rjochting fan de jongerein troch premier Rutte yn de Corona-krisis, wurdt fan herte oppakt. Under mear troch'de europeeske jongerenbeweging  'Claim your future'. Dizze beweging besiket al langer om jonge minsken in stim te jaan oer de takomst fan harren regio. It Buro giet hjiroer yn petear mei Koen van der Hoek (20), Joran Wijma (20) en Aukje van der Veen (24).

    In Frisse Noas mei Doet Boersma: "De natoer hat my der trochskuord"

    'Troch de coronakrisis hat it eefkes hiel spannend west, mar ik sjoch wer folop takomst foar de Keunstakademy Fryslân.' Dat fertelt de initsjator, Doet Boersma. Koartlyn ferhuze de akademy nei in grutte nije lokaasje oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. En doe kaam de lock-down en lei ynienen alles stil. Troch de ynset fan meiwurkers, dosinten en kursisten liket it no dochs wer posityf. 'We kinne wer kursussen oanbiede en keurich rekken hâlde mei dy oardel meter.'

    Sels is Doet Boersma ek wer oan it skilderjen. "De natoer hat my der trochskuord en dat lit ik sjen yn myn nije wurk. Yn july en augustus hâld ik iepen atelier op de nije lokaasje, want ik ha der sin oan om dat de minsken sjen te litten."

    It oersjoch fan de wike

    Alle sneinen sjocht Buro de Vries werom op de wike mei in hiel persoanlike blik fan in redaksjelid. Hjoed is dat René Koster.

    It Nijsfoarum

    It nijs út Fryslân en de rest fan 'e wrâld yn it Nijsfoarum besprutsen troch Tytsy Willemsma (FNP), Albert van Keimpema (VVD) en Harry van der Molen (CDA);

    Yn Memoriam

    Alle wiken betinkt Cor Waringa fan De Jouwer it libben fan in Fries of Friezinne yn de rubryk 'Yn Memoriam". Hjoed is dat Rouke Sinnema.

    11:21 - Jamie Cullum - I'm All Over It
    11:33 - Jan Henk De Groot - Mamme Van Michel
    12:08 - Eric Clapton - Change The World
    12:18 - Nits - The Train

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)