Buro de Vries fan 21 juny 2015 11:00

Yn de Wâlden op syk nei spoaren fan it ferline * De jonge skriuwster Amy van Palmhoven * De blues fan Jack Bottleneck* Kollumn Gerrit Breeuwsma * YM Baukje Bakker-Poelsma * Underweis * It wie ... 1979, Eelke Lok sjocht werom op syn tiid by de Omrop.

Op syk nei spoaren út it ferline

Buro de Vries giet De Wâlden yn, op syk nei spoaren út it ferline. Lânskipshistoarikus Jeroen Wiersma nimt Klazina Hofstee mei oer it Learsenspaad, yn de omkriten fan Twizel. Neist âlde houtwallen fan inkelde hûnderten jierren âld fine se ek spoaren út de iistiid.

Mear oer Jeroen Wiersma syn fasinaasje foar dizze omkriten stiet yn it boek MIJN STREEK fan Paul Straatsma, In boek weryn ferskate saakkundigen fertelle oer de skiednis fan it lânskip yn it Noarden. http://www.uitgeverijpassage.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Baukje Bakker-Poelstra fan Boalsert.

De fantasy fan Amy van Palmhoven

19 jier en har earste boek leit al yn 'e winkel. Amy van Palmhoven fan Makkum hâldt fan fantasyferhalen. 'Verkozen' is de titel fan it earste diel fan in trilogy. Froukje Sytsma sjocht har op.

De muzyk dy't yn dizze reportaazje brûkt is komt út de trailer dy't Amy makke foar it boek. https://www.youtube.com/watch?v=cNHI0xobiFk
https://nl-nl.facebook.com/pages/Amy-van-Palmhoven-Official/490920011039004
http://www.freemusketeers.nl/boek/7975/verkozen

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De kollum fan Gerrit Breeuwsma

De kollum komt hjoed fan Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholoach yn Grins. We ha it allegear drok, Breeuwsma soe dat graach oars sjen.
http://gerritbreeuwsma.nl/

De blues fan Jack Bottleneck

In moaie jeugd, mar neat makke fan skoalle, in minne drugstiid en no muzyk. It is yn it koart it libben fan Jack Bottleneck, oftewol Johan Venema fan Damwâld. Anneke Douma stelde Jack foar oan Willem de Vries en sûnt dy tiid ha dy twa geregeld kontakt. Foar it earst makket Jack in CD en Willem stiet him mei ried en died by. https://nl-nl.facebook.com/pages/Jack-Bottleneck/1391564564389559

It wie ...1979

Eelke Lok wurket al hast 40 jier by Omrop Fryslân. Yn dy 40 jier is der hiel wat feroare. Nei de simmer giet Eelke mei pensioen. Yn Buro de Vries sjocht hy werom op 40 jier Omropskiednis.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)