Buro de Vries fan 21 july 2019 11:00

    Buro de Vries is fan 't simmer alle wiken twa oeren te gast yn in Frysk doarp. Wat is it karakter fan it doarp? Wat is der allegear te rêden? Hokfoar nijsgjirrige minsken wenje der? Ditkear is de bestimming Arum!

    Oer de boer dy't út syn grêf helle waard

    It tsjerkhôf fan Arum wie yn 1880 fol. Der kaam in nij begraafplak, mar in boerinne dy't ferstoar hie foar har stjerren sein dat se perfoarst njonken har man lizze woe. Dy lei noch op it âlde tsjerkhôf. Arbeiders ha doe midden yn de nacht stikem it lyk fan de boer út syn grêf helle en njonken syn frou lein. Arum kenner Oane Anema fertelt dit wat lugubere ferhaal.

    Grutste wurkjouwer yn Arum: Anema Machinehandel

    Op it yndustryterreintsje fan Arum falle se daliks op: de kranen op it terrein fan Machinehandel Anema. It giet goed mei dit bedriuw dat de grutste wurkjouwer fan Arum is. Sels sa goed dat net alle fakatueres ynfolle wurde kinne.

    Masterplan "het Gouden Land" oer de takomst fan Arum

    Arum, Kimswert, Peinjum, Wytmarsum en Surch ha meiinoar in fisy opsteld: it Masterplan 'Gouden Land'. In plan dat oant 2030 syn beslach krije moat. It giet oer de ynrjochting fan it lânskip om de Marneslenk hinne. Dêrby is sjoen nei kultuertoerisme en leefberens, biodiversiteit en klimaatferoaring. 

    Keunstner Louis Hagen te plak yn de eardere tsjerke

    Keunstner Louis Hagen ferhuze fiif jier lyn fan Skylge nei Arum. Op Skylge wenne en wurke hy al yn in tsjerke; datselde koe er ek yn Arum dwaan. Hy kocht de eardere grifformearde tsjerke en luts deryn. Wurkjen en wenjen rint trochinoar by dizze keunstner, dy't hâldt fan kleur.

    Arum keatsdoarp

    Arum is in echt keatsdoarp. It wûn fiif kear de Freule: yn 1905, 1930, 1946, 1980 en 1984. Jan Hiemstra fan it winnende partoer yn 1946 wennet noch altyd yn Arum. Hy is no hast 90 jier. En de lêste kear dat Arum de Freule wûn siet Gerben Okkinga yn it partoer. Syn jongere broer Johan helle wol de finale mar wist dy net te winnen yn 1987. Jan Hiemstra, Gerben Okkinga en Johan Okkinga prate oer Arum as keatsdoarp.

    Kafee en bêd en brochje: de Gekroonde Leeuw

    Herberch de Gekroonde Leeuw bestiet al sûnt 1876. It bestiet út in brún doarpskafee, in lyts restaurant en in bêd en brochje. Fierder binne der feest- fergader en teätersealen.

    De nije skoalle: oer twa jier moat dy der stean

    Nei de fúzje tusken de twa skoallen yn Arum is in wurkgroep hurd dwaande in nij skoalgebou te realisearjen. De skoalle komt der wol, dêr is men fan oertsjûge yn Arum. Mar de Arumers wolle mear: de skoalle moat ek in soarte fan doarpslokaal wurde, dêr't ferieningen repetearje kinne en dêr't oare doarpsaktiviteiten holden wurde. 

    Arumers binne toanielspilers

    It toanielspyljen libbet yn Arum. Der is al in pear kear in iepenloftspul opfierd en der wiene twa toanielferienings dy't koartlyn fierder gien binne as ien feriening. It Frysk selskip Arum helle it ôfrûne jier de earste priis yn de toanielkriich, de jierlikse wedstryd foar amateurtoanielferieningen. Regisseur Lieuwe Tolsma waard dêrby keazen ta bêste regisseur. 

    11:06 - Jan Smit & Damaru - Mi Rowsu (Ik Heb Een Tuintje In Mijn Hart)
    11:24 - Shawn Mendes - If I Can't Have You
    11:41 - Herman & Jilt - Wat In Moaie Dei
    12:07 - The Kik - Het Is Een Mooie Dag
    12:26 - Ilse Delange - Gravel & Dust
    12:43 - Eliza Doolittle - Big When I Was Little

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)