Buro de Vries fan 21 jannewaris 2018 11:00

    Direkteur fan Caparis, Alex Binnema is te gast * De lêste fruitkweker op It Bilt * YM Berend Lucas Bunt * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Roel Sluiter en Andries Bakker. Presintaasje: Simone Scheffer.

    Gast: Alex Bonnema (direkteur Caparis)

    • Alex Bonnema

    Fruitkweker Dirk de Groot: De lêste der Mohikanen

    • Dirk de Groot, de lêste fruitkweker op It Bilt

    It koe oer in jier of wat wolris folslein oer wêze kinne mei de grutte fruitkwekerij by Sint-Jabik. De 20 hektare mei appel-, parre- en prommebeammen fan Dirk de Groot en syn frou is de lêste kwekerij dy't noch yn bedriuw is. Foar salang as it duorret, want der in gjin opfolging. Wat yn de jierren '60 begûn as in ambisjeus projekt om de fruitteelt op It Bilt suksesfol út te bouwen, hâldt dan definityf op. De fruithôf mei tûzenen sûne en produkive beammen soe dan opromme wurde en it lân wer boulân wurde. Kollega René Koster socht kweker De Groot op, dy't him sels de laatste der Mohikanen neamt.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM Berend Lucas Bunt

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Berend Lucas Bunt. 

    Oersjoch fan de wike

    • Oersjoch fan de wike

    Makke troch Simone Scheffer. 

    Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Roel Sluiter en Andries Bakker

    • Nijsfoarum fan 21 jannewaris 2018

    Harry van der Molen (CDA, Twadde Keamer), Roel Sluiter (boargemaster fan Harns) en sjoernalist Andries Bakker beprate it nijs fan de ôfrûne wike. 

    11:07 - Gnarls Barkley - Crazy
    11:19 - Pink - Beautiful Trauma
    11:32 - Agnes Sambrink - It Rint Sa't It Rint
    11:47 - Dotan - Hungry
    12:09 - Kate Bush - Cloudbusting
    12:18 - U2 - Get Out Of Your Own Way

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)