Buro de Vries fan 21 febrewaris 2021 11:00

    * De comeback fan pianist Frans Douwe Slot;
    * Ut it libben: Reinder Roosma;
    * Ynternasjonale dei fan de Memmetaal;
    * It oersjoch fan 'e wike;
    * It Nijsfoarum mei trije Fryske keamerkandidaten:
    Femke Wiersma (Boer Burger Beweging)
    Harry van der Molen (CDA) en
    Johan Lammering (De Groenen)

    De comeback fan pianist Frans Douwe Slot

    Fokale distony, ek wol musisearkramp neamd. Pianist Frans Douwe Slot fan It Hearrenfean hat dizze kwaal en it soarge derfoar dat hy net mear optrede koe. Yn 2015 begûn er oan in refalidaasjetrajekt yn Spanje en no, hast seis jier letter is er safier dat er wer optrede kin. As ôfsluting fan dizze perioade wol er in cd mei wurken fan de komponist Brucken Fock opnimme. It Buro tekene syn ferhaal op.

    Abel Darwinkel, de nije direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte

    "Op him sels is it hielendal net sa slim as in taal ferdwynt. It is altyd sa dat dingen ferdwine. Oer in skoftsje binne we we sels ek net mear. Mar gean der mar fan út dat ús taal ús oerlibbet. Ek it Stellingwarfs!", dat sei Abel Darwinkel, de nije direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte. Hy wie snein, op de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal,  te gast by Buro de Vries. "Sels as soe ús taal ferdwine, dan noch is it wichtich om jo der foar yn te setten om't it ús histoarysk erfgoed is", fynt Darwinkel.

    As nije direkteur fan it taalynstitút fan de Stellingwarven wol Darwinkel lykwols alles dwaan om it Stellingwarfs as libbene taal yn stân te hâlden. Dat bart troch it opsetten en stypjen fan projekten yn it ûnderwiis en op it mêd fan literatuer en muzyk. Mar Darwinkel sjocht ek dat it benammen dreech is om nije generaasjes hjir waarm foar te krijen. "Se sjogge alle dagen filmkes op ynternet en sosjale media en dy binne faak yn it Ingelsk of heechút Nederlânsktalich. Frysk en Stellingwarfs sjitte der dan folslein by yn. Fierder is it ek sa dat de memmen fan no (en ek de heiten fansels) folle minder harren eigen memme-taal noch brûke as fyftich jier lyn yn de omgong mei harren eigen bern. "Dat is sels by ús thús al sa", erkent Darwinkel, "om't myn frou yn in oare taal grutbrocht is."

    Fanwege corona is it tal aktiviteiten op de Ynternasjonale dei fan de Memmetaal dit jier beheind, al is de Afûk bygelyks wol dwaande mei de kampanje #Frysksichtber. Takom jier sil dat trouwens mear as goed makke wurde. De Feriene Naasjes, dêr't it inisjatyf foar dizze dei weikomt, komme dan mei in 'decade fan the indigenous languages', in kampanje fan tsien jier dus, wêryn't stribbe wurdt nei ynklusyf en meartalich ûnderwiis, mei plak foar alle 'mothertongues', oftewol memmetalen.

    Ut it libben: Reinder Roosma

    Regelmjittich stean we yn it Buro stil by it libben fan minsken dy't ferstoarn binne. Mei neibesteanden sjogge we werom op dat libben en jouwe sa in soart fan earbetoan. Fannemoarn praat Geartsje de Vries mei de frou - Anna - en dochter - Susan - fan Reinder Roosma fan Frjentsjer dy't begjin jannewaris ferstoar oan de gefolgen fan Covid-19.

    It wike-oersjoch

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster.

    It Nijsfoarum

    * It Nijsfoarum mei trije Fryske keamerkandidaten:
    Femke Wiersma (Boer Burger Beweging)
    Harry van der Molen (CDA) en
    Johan Lammering (De Groenen)

    11:06 - Daniel Lohues - Hier Kom Ik Weg
    11:23 - I Muvrini - Dumanda
    11:55 - Neet Oet Lottum - Gent

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)