Buro de Vries fan 21 april 2019 11:00

    * Waarfotografe Anna Zuidema makket prachtige waarfoto's; it Waad is favoryt * oarlochsslachtoffer Koos Boomsma fan Sondel: soan Pieter oer syn heit * Yn Memoriam Bauke de Vries * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Houkje Rypstra, Avine Fokkens en Hans Gillissen

    Waarfotografe Anna Zuidema

    It NOS sjoernaal lit hiel faak har foto's sjen. Moaie loften, driigjend waar of dizige moarnsfoto's. Se komme allegear foarby yn it waarberjocht fan de waarmannen fan it sjoernaal. Anna Zuidema fan Harns is de hofleveransier. Se fotografearret fan 2009 ôf it waar. Fan har pake oerkrigen. Hy wie ek in waarleafhawwer en sei tsjin de jonge Anna dat der nearne sokke moaie loften binne as by it Waad. Doe't Anna 7 wie stoar har pake. Mar de fassinaasje foar it waar hat se fan him meinaam. Se giet der hast alle dagen op út om de loften en de see te fangen yn moaie plaatsjes. Buro de Vries gie mei har mei op syk nei it momint en plak fan de moaie foto en nei har ferhaal oer passy foar waar en fotografy.

    Fersetsheld en oarlochsslachtoffer Koos Boomsma fan Sondel

    Ferline wike ha we yn it Buro hearre kinnen oer it ûnbidich grutte argyf dat Jack Kooistra opboud hat. In argyf mei 180.000 nammen fan minsken dy't yn de oarloch omkommen binne. Hjoed in petear mei in neibesteande fan sa'n oarlochsslachtoffer: Jacobus Johannes Boomsma, of Koos Boomsma. Hy hie in winkel yn Sondel en soarge tegearre mei syn frou al betiid yn de oarloch foar ûnderdûkplakken foar benammen Joadske bern. Yn novimber 1944 waard er deasketten troch in Dútser.

    Syn soan Pieter wie doe 2 jier en hat syn heit dus nea kend. Hy kent wol de ferhalen. 

    It wikeoersjoch

    It persoanlike oersjoch fan de wike, ditkear makke troch Simone Scheffer

    Yn Memoriam: Bauke de Vries

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Bauke de Vries.

    It nijsfoarum mei Hans Gillissen, Houkje Rypstra en Avine Fokkens

    It nijsfoarum bestiet dizze kear út Hans Gillissen fan de stichting Afvaloven Nee, Avine Fokkens de nije deputearre fan de VVD en Houkje Rypstra, direkteur fan Circulair Fryslân. It trijetal praat oer it nijs fan de ôfrûne wike. Under oaren oer de Notre-Dame brân en de miljoenen dy't beskikber steld binne troch miljardêrs.

    11:11 - Sting - Nothing 'bout Me
    11:32 - Alec Benjamin - Let Me Down Slowly
    11:47 - Al Stewart - A Childs View Of The Eisenhower Years
    12:09 - O.M.D. - Forever Live And Die
    12:17 - Nona - Givin' It All

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)