Buro de Vries fan 20 septimber 2020 11:00

    Ut it libben: It libben fan Mindert Wynstra - ferhaleferteller, skriuwer en ûnderwizer út Warns - rint nei de ein. We sjogge werom
    De skiednis fan it fabryk Nooitgedagt yn Drylts is fêstlein yn in boek troch sjoernaliste Yteke de Jong
    It wikeoersjoch mei de troanrede, de miljoenenota en corona
    It nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Harry van der Molen, GrienLinks-politikus Jan Atze Nicolai en boargemaster Ellen van Selm

    'it hat goed west' Mindert Wijnstra oer syn libben

    Mindert Wynstra is skriuwer en ferhaleferteller en hat oant syn pensjoen ûnderwizer west. Hy hat ek in soad foar Omrop Fryslân wurke en wy kinne inoar goed fan myn tiid by de skoalradio.

    Mindert Wynstra hat net lang mear te libjen. Hy is yn maart dit jier nei hûs kommen yn Warns om te stjerren. Dy krisis kaam er te boppe en hy is der noch. Tsien dagen lyn socht ik him op foar in ôfskiedsinterfjoe. It is op it útdrukkelike fersyk fan Mindert dat wy dookje.

    Opkomst en ûndergong fan Nooitgedagt yn Drylts

    Takom wike wurdt it boek Nooitgedagt, icoon van de Friese maakindustrie'presintearre. Telegraaf- en âld-Omrop Fryslânsjoernaliste Yteke de Jong skreau it boek oer it romrofte Dryltser bedriuw dat fan 1865 oant 2003 ferneamd wie om syn redens, ark en boartersguod. De Jong komt yn it boek ta de konklúzje dat it bedriuw it net rêden hat troch in tekoart oan ynnovaasjekrêft en it ûnbrekken fan in goeie marketing. De gedachte dat it bedriuw nei de oername in nije takomst yn Drylts krije koe omskriuwt se as 'miskien wol wat nayf'. Yn Drylts trof René Koster Yteke de Jong en Johan Nooitgedagt foar in petear oer it bedriuw en it boek. Yn de stêd die boppedat bliken dat se Nooitgedagt dêr bepaald noch net fergetten binne....

    It tsjokke boek bestiet út histoaryske ferhalen, anekdoates en prachtige yllustraasjes út de rike skiednis fan it ikoanyske bedriuw. It earste eksimplaar wurdt op sneon 26 septimber yn Snits oanbean oan de krekt ôfgiene wurkjouwersfoarsitter Hans de Boer.

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan de wike troch Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Harry van der Molen, Ellen van Selm en Jan Atze Nicolai

    It nijsfoarum bestiet út CDA Twadde Keamerlid Harry van der Molen, boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân en GrienLinks-politikus Jan Atze Nicolai. It bepraat en diskusjearret oer aktuele ûnderwerpen:
    * de miljoenenota
    * de coronamaatregels
    * it basisynkommen

    11:07 - Beatles - Real Love
    11:30 - Nash Crosby, Stills & Young - Chicago/We Can Change The World
    11:50 - Herman & Jilt - Wat In Moaie Dei
    11:54 - Extreme - Hole Hearted
    12:07 - Corrs - Love To Love You

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)