Buro de Vries fan 20 oktober 2019 11:00

    Omrop Fryslân publisearre dizze wike in soad oer de sâltwinning yn Fryslân, de fergunnings, it tafersjoch en de winning yn de takomst. Buro de Vries sjocht dêr op werom mei Durk van Tuinen, algemien direkteur fan Frisia Zout BV en Omrop-sjoernalist Hayo Bootsma.
    Ninah Tiemersma ferwurke in trauma mei in eigen teäterstik dat takom wike yn by IepenUp spile wurdt. Simone Scheffer socht har op.
    Cor Waringa betinkt it libben fan Jacob van der Hoek yn Yn Memoriam en yn it Nijsfoarum besprekke trije Fryske opniny-makkers it nijs fan 'e wike.

    Fryslân en it sâlt

    Dizze wike publisearre Omrop Fryslân ferhalen oer de ferskate kanten fan de sâltwinning yn de provinsje. Se binne makke nei in breed ûndersyk yn gearwurking mei it ûndersykssjoernalistike platfoarm Follow the Money. Fan Omrop Fryslân wiene Eva Meesterberends en Hayo Bootsma by it ûndersyk belutsen. Yn Buro de Vries sjogge algemien direkteur Durk van Tuinen fan Frisa Zout BV en Hayo Bootsma werom op dy útsjoerings, mei dêrby de fraach hoe't it no fierder giet.

    Ninah Tiemersma makket teäter oer PTSS

    Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Yn it stik 'Niet meer alleen' siket se de ferbining fan har libben en trauma's mei dy fan froulju yn de Grykske trageedzjes. Se makke in skripsje oer it ûnderwerp en ûntduts by it lêzen fan de ferhalen dat ek de froulju lykas Andromache en Creüsa dy't se foar har skripsje ûndersocht traumatisearre wiene. It joech har stipe yn it ferwurkjen en se besleat in teäterstik te meitsjen oer de trageedzjes en har eigen libben.

    De foarstelling 'Niet meer alleen' hat se twa kear opfierd. Woansdei 23 oktober sil se yn it online programma IepenUp Live har foarstelling noch in kear dwaan. 

    Buro de Vries prate mei Ninah oer it stik, har jeugd en PTSS.

    It oersjoch fan de wike...

    In folslein subjektyf en persoanlik oersjoch fan de wike, sjoen troch de eagen fan René Koster.

    It Nijsfoarum

    Trije Fryske opiny-makkers beprate it nijs út Fryslân en de rest fan 'e wrâld. Dit kear sitte oan tafel

    Aukje van der Veen, studint-koördinator fan 'Claim your Future"
    Albert van der Ploeg, foarsitter Noardlike Fryske Wâlden en dieltiid-boer (l)
    Jan-Willem Tuininga, FNP-riedslid gemeente Ljouwert (r)

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Jacob van der Hoek..

    11:07 - Wouter Hamel - Breezy
    11:29 - Jelte Posthumus - In Oare Frou
    12:10 - Jewel - No Good In Goodbye
    12:18 - Suzan & Freek - Blauwe Dag

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)