Buro de Vries fan 20 novimber 2016 11:00

    De provinsje organisearret sa no en dan hannelsreizen nei Sina. Wy sochten út oft dat wat opsmyt * YM Peet Bosma * Nijsfoarum mei Lutz Jacobi, Sieta van Keimpema en Jan Huitema.

    'Fan Surhuzum nei Sina': de sin en ûnsin fan hannelsreizen nei Sina

    • 'Fan Surhuzum nei Sina': de sin en ûnsin fan hannelsreizen nei Sina

    Ha Fryske ûndernimmers wat te sykjen yn Sina? It liket der wol op, want al tsientallen jierren bin der hannelsmissys nei dat gigantyske lân. Ek hjoed giet der wer in delgaasje hinne ûnder lieding fan 'vice-govenor' Klaas Kielstra. Wat smite dy missys no konkreet op, wêrom soe de provinsje him dêr drok om meitsje en wêrom sykje ûndernimmers de eksportkânsen net yn lannen tichterby hûs? Buro de Vries siket nei de antwurden op dy fragen yn de radio-dokumintère 'Fan Surhuzum nei Sina'.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Peet Bosma.

    Harkje nei it Nijsfoarum mei Huitema, Jacobi en Van Keimpema

    • Harkje nei it Nijsfoarum mei Huitema, Jacobi en Van Keimpema

    11:09 - Bee Gees - Alone
    11:40 - Billy Idol - Eyes Without A Face
    11:51 - Maroon 5 - Don't Wanna Know
    12:09 - Mick Jagger - Don't Tear Me Up

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)