Buro de Vries fan 20 maart 2016 11:00

Aaisykje mei Armanda * YM Sjoerdsje de Vries * Michiel de Koning docht alles fuort * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tet Rozendal * Nijsfoarum

It fjild yn mei Armanda

In ferrassend nijtsje fan 'e wike: in noch jonge frou fan 25 jier hie it earste ljipaai fan Fryslân fûn. Armanda Stuiver is har namme en moandeitemoarn fûn se dat aaike. Eins tegearre mei har heit, yn in maisfjild by Aldehaske. Nei alle drokte mei de parse gie it Buro op in rêstige moarn nochris mei Armanda dat fjild yn.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Sjoerdsje Kuiken-de Vries oer.

Michiel docht alles fuort

Singer-songwriter én hobby-hovenier Michiel de Koning hat syn hûs yn Ljouwert opsein en al syn guod ferkocht. In jier yn in boeddhistysk kleaster brocht him ta dit ynsjoch. It kommende healjier sil De Koning him rjochtsje op in túnstúdzje yn Ingelân. Ofrûne woansdei hat er syn allerlêste spullen fuortbrocht. Ferslachjouwer Eduard Rekker woe witte werom.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt.

Kollum Tet Rozendal

Tet makket har lilk om in fragmint út it TV-programma "De Wereld draait door".

Nijsfoarum

ien kear yn de moanne skoot it 'nijsfoarum' by ús oan. Se beprate it nijs fan de ôfrûne wike(n). Fêste leden binne Attje Meekma en Otto van der Galiën. Gastlid is dizze snein sjoernalist Atze Jan de Vries.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)