Buro de Vries fan 20 july 2014 11:00

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Klaasje Postma

Aktrise Klaasje Postma wie jierren ien fan de fêste gesichten fan Tryater. Yn de lêste jierren hat se sels twa stikken skreaun en spile; beide in grut sukses. Klaasje is troud mei akteur Freark Smink. In pear wike lyn kaam nei bûten dat de produksje 'Doek, it toanielstik', dat se mei har twaen dwaan soenen, ôfblaasd wurdt. Se kamen der privee net los fan en dat soarge foar spannings tusken beiden. Oan de keukentafel sitte Geke de Haan en Anneke Roodbergen. In freonskip dy't al sûnt de kleuterskoalle bestiet.

Friezen thús yn Frankryk: Kees en Sytske Zuurbier

We ha Normandië efter ús litten en binne oankommen yn Bretagne. By it plakje Kergrist Moëlou draaie we in enoarm hiem op. De pleats fan Kees en Sytske Zuurbier bestiet út in hûs en ferskillende loadsen en foar Frânske begripen in grutte stâl. Soan Nico-Jean (21) is arbeider op it bedriuw en soan Stephane (18) sit op de lânbouskoalle.

*

Kees en Sytske wienen 21 en 20 jier doe't se hjir kamen. Se fertelle dat se doe krekt in healjier ferkearing hienen. Kees hie mei syn âldere broer Jaap earder al de kar makke om nei Frankryk te gean om te buorkjen. Beide broers hienen twa pleatsen kocht. Se weagen de sprong, no 24 jier lyn. Letter kamen ek de broers Jan en Jeroen nei Bretagne en fiif jier lyn sus Monique mei har gesin.

*

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)