Buro de Vries fan 20 jannewaris 2019 11:00

    * Fleur van der Bij oer har boek "Verkeersslachtoffer 22/10", Op zoek naar de man die mijn zusje doodreed;
    * In psycholooch leart boubedriuw Lont 'Sosjaal Duorsum'-bouwen;
    * "Yn Memoriam" Cor Waringa betinkt Cees Harders;
    * It persoanlik "Oersjoch fan de Wike";
    * It Nijsfoarum mei Rendert Algra, Wini Weidenaar en Cees van Mourik.

    Skriuwster Fleur van der Bij op syk nei de man dy't har suske dearied

    Op 22 oktober 1996 ferûngelokket Ylse van der Bij op de Haudmare, in smel dykje bûten Tsjalbert. Se is 12 jier wurden. Har âldere suske, Fleur, wie doe 15. No, 22 jier letter, hat Fleur in boek skreaun: "Verkeersslachtoffer 22/10" mei de ûndertitel "op zoek naar de man die mijn zusje doodreed". It ûnferwurke trauma fan 22 jier lyn hat grutte ympekt hân op it libben fan Fleur. Se ûntwikkele in psychyske stoarnis en kaam yn in djip gat. Troch te skriuwen is se der boppeop kommen. Har earste boek - de Nijl in mij - ferskynde foarich jier jannewaris en no leit har twadde boek yn de boekwinkels. 

    It Buro stapte yn de auto en ried mei Fleur van der Bij nei de Haudmare, dêr 't dat needlottige ûngelok 22 jier lyn plak fûn.

    Psycholooch leart boubedriuw 'Sosjaal-Duorsum' te bouwen

    Boubedriuw Lont van Sint-Anne hat de help ynroppen fan in omjouwings-psycholooch foar in bouprojekt op it Hearrenfean. Yn opdracht fan wenningkorporaasje Accolade bout Lont op in earder bedriuwsterrein oan it Breedpad op it Fean 16 enerzjy-sunige hierwenten. Bisûnder is dat dizze wenten net allinnich kwa enerzjy en boumaterialen duorsum wurde, mar ek op sosjaal mêd. De hûzen bin bedoeld foar ien- of twapersoans hûshâldings en lytse ien-âldergesinnen. Foar dy groepen kinne problemen as iensumheid op 'e loer lizze. Der wurdt dêrom sa boud dat bewenners útnoege wurde om spontaan mei inoar kontakt te meitsjen. It Buro frege him ôf wat dat betsjut en hoe't soks krekt wurket...

    It oersjoch fan de wike...

    Ditkear komt it persoanlike oersjoch fan de nijswike fan René Koster.

    Nijsfoarum

    De Brexit, it klimaatakkoord, it bernepardon, Friezen yn Den Haag en winter yn Fryslân: it komt allegear oan 'e oarder yn it Nijsfoarum fan dizze wike.

    Mei oan tafel:

    Wini Weidenaar, fleis- en kommunikaasje-spesjalist;

    Rendert Algra, CDA-steatelid;

    Cees van Mourik, foarsitter FNP.

    Yn Memoriam Cees Harders

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Cees Harders.

    11:08 - Bob Dylan - Bye And Bye
    11:22 - Pink - A Million Dreams
    11:39 - Gurbe Douwstra - Thus
    11:45 - Lady Gaga - Always Remember Us This Way [Ut A Star Is Born]
    11:55 - Beautiful South - A Little Time
    12:08 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me
    12:15 - George Ezra - Hold My Girl

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)